Och Ljouwert, stêd fan feiten en fiksje

It is altiten min sliepen, de nacht foar de fakânsje. Ik draaide fannacht mar om mysels hinne en tocht de hiele tiid Ljouwert Kultureel Haadstêd. Justerjûn hie ik de kollum fan Schoorstra lêzen, Fuck it minderweardichheidskompleks, en in oerke letter de ûnûntkombere reaksje fan Abe de Vries: Spuie op de feiten, dêr begjint it mei. Wa bin ik om der sels wat fan te tinken?

Ofrûn sneon wie ik foar it earst sûnt it begjin fan It Feest yn Fryslân en Ljouwert, foar in ôfspraak om ien oere yn de Doelestrjitte. Om healwei tolven draaiden wy al de parkeargaraazje by de Oldehove yn, wy woene fansels net te let wêze. Yn de stêd wie it drok en lawaaiïch, ek om’t it beachvolleybalfjild gâns in muzykherje produsearre by wat it Besikerssintrum Obe wêze moast. It Obe like in spultsje fan neat.
Yn de C&A koest in kûgel ôfsjitte. It wie dúdlik dat de minsken nei Ljouwert komme foar Kultuer, net foar goedkeape klean út Bangladesh. Yn de fisktinte in eintsje fierder stiene fjouwer ferkeapsters mei de hannen yn de bûse. Twa klanten fregen om nije hjerring, mar krigen te hearren dat dy pas fan woansdei ôf ferkocht wurde sil. Se taaiden wer ôf. ‘No, dat is mij ook wat’, sei de iene ferkeapster tsjin de oare, ‘dan hadde se toch net so goed nu in ouwe kope kinnen, as nulmeting?’

Yn de tinte fan de Fryske Akademy wie der tiid genôch om de fersprieding fan it wurd ierappelearpelierdappelierpeljirpel yn alle hoedanichheden te bestudearjen. Oare kant de tint hongen tsien buordsjes mei gedichten, de limerick fan frou Riemersma foel fuortdaliks yn it each. ‘Wy wiene fan betinken dat in bytsje satire hjir net ûntbrekke mocht,’ waard der sein. Sjoch, sa werken ik De Fries yn it ljocht fan Kurt Tucholsky. Nei ôfrûn sa gau mooglik nei de Afûkwinkel om in VVV-bon te fersulverjen, want je hearre tsjintwurdich aaklike ferhalen oer winkels dy’t se net mear akseptearje wolle.

Rjochts twa minskekoppen dy’t heech boppe de beammen útstekke, links it tegeltsjemuseum en ûnder myn fuotten samar in filanella. It sit net yn de frou har DNA om Frysk te lêzen, dat dy wie al hast by de Afûk, wylst ik it gedicht noch oan it analysearjen wie om te sjen of it wol in echte filanella wie. Sa ha ik noch nea fan dy fersfoarm heard, sa komt it ûnfoarsjoen fan alle kanten op my ta. ‘Wat is it libben dochs wûnderlik,’ sei ik tsjin de frou, wylst wy de winkel ynstapten. Mar se hearre my net want se seach fuortdaliks sa’n kreaze pakeslabbe foar de lêste beppesizzer.

Myn beide dielen fan it Frysk Wurdboek yn de ferzje fan 1985 falle hast útinoar, mar by de Afûk krige ik te hearren dat de lêste Hânwurdboek fan de Fryske Taal net te krijen wie. Dat is my wat, tocht ik, in lân fan taal dêr’t it wichtichste wurdboek skjin fan útferkocht is. Feit is, sei de hiel aardige ferkeapster, deselde dy’t my in jier lyn in pear âlde De Moannen en sels in Ensafh-eksimplaar fan mear as in jier lyn tastoppe hie, feit is dat it Wurdboek yn 1985 noch troch Osinga útjûn is, dy fan dêrnei troch De Friese Pers en dat dy hartstikke fallyt is. Sels yn de ramsj net mear te keap.
Kom op, sterke mannen fan Bornmeer, set as de bliksem in nije yn de merk.

Wylst de frou suchtsjend stadichoan de earmen fol hie mei slabben, socht ik myn fakânsjeliteratûr fan dizze simmer by-inoar. De man dy’t ik niis noch mei fûstke hie glimke my oan út in tonne. By it blêdzjen lies ik op side seis oer Kulturele Voedselbanken: De ien yt him sêd oan Proust en Van der Wal, in oar slobberet Melville en Abe de Vries op as wie it molke… Wat is it libben doch wûnderlik, tocht ik noch ris, as dat Cornelis net is! Jabik Veenbaas wie my bekend as oersetter, mar ien side lêze oertsjûge my dat ik dizze ferhalebondel ha moat. En doe seach ik Einum lizzen. It wie net allinnich it machtich moaie omslach wêrom ik dit boek einlings ris lêze moatst.

As wy tebekrinne nei it MeMPaviljoen sjoch ik wol trije groepkes minsken dy’t earne oer útlis krije en sjoch ik Lida Dykstra foarlêzen mei in kliber bern om har hinne en hear ik boogywoogy muzyk. By de kappusjino en it woartelgebak wurdt ús frege om it moaiste Frysk wurd op in boerdtsje te skriuwen. De sinne skynt, boatsjes farre en Ljouwert laket. Ik skriuw ierappelearpelierdappelierpeljirpel en blêdzje troch myn oanwinsten.

Fannacht ha ik de eagen tichtdien foar de feiten en my werom tocht oan it Ljouwert fan sneon. ‘Hear de lûding, wat wurdst gewaar?
Mar earst op nei Ingelân. Ris sjen hoe’t it mei de Brexit stiet op de púnheap fan it populisme. Tusken it skôgjen en de fuotbalpubs troch ha ik moai trije kreaze boeken om my fêst te binen oan eigen woartels. De wite ûle libbet goed yn Einum. Fuck myn minderweardichheidskompleks.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *