OK Googler…

Dit wykein mocht ik de fernuvere tsjûge wêze fan de ynstallaasje fan twa nije, ûnmisbere gadgets foar in spantsje fan de bucketlistgeneraasje. Mei de krystsneinen hiene se inoar in Sonos Beam Intelligent Soundbar en in Google Home Personal Assistant taskikt. Foar beide tûke ynternetfanaten gie de montaazje, ynstallaasje en syngronisaasje by harren thús glêd fan de tried, it duorre inkeld mar in oardel oerke of dêromtrint. Ik seach se griemen mei kabels en ferlingsnoeren, mei it ynsprekken fan healwize sinnen om de app harren stimlûden kenne te learen en amechtich hinne en wer rinnen mei swaaiende mobyltsjes om de akoestyk fan de wenkeamer op de sintimeter ôf te begrinzgjen. In hiele heikeraazje, mar doe hiene se ek wat.

Wol heit in mop hearre? No, foar in goede mop meist my wekker meitsje. Moai, dan moat heit sizze: OK Google – efkes wachtsje op it tingeltsje – en dan freegje: fertel my in mop. Nei trije kear knoffelich besykjen hie ik it ûnder de knibbel. Sei in meganysk frouljuslûd: ‘Waarom is de olifant zo blij? Omdat hij mag dansen in de porceleinkast,’ en doe folge ek noch it laitsjen fan wat publyk. It raasde oan de protters. Moai kadootsje, sei ik tsjin myn soan, tige smûk sa’n floats frommes yn ’e hûs, mar wat moatst der mei?

Heit, it is o sa hartstikke maklik. Hear mar. OK Google, zet de verwarming op 21 graden. En blinders, ik seach de sifers op de nijmoadrige termostaat fan 20 op 21 springen. OK Google, draai de Top-2000 af, en mei twa sekonden hearde ik de Bohemian Rapsody kwadrofonysk út alle hoeken fan de keamer wei. OK Google, wat wordt het weer om 31 december om 24 uur, en ik hear oer gjin suchtsje wyn en in soad mist. Google Assistant, sei myn soan, hawwe wy dus middels de soundbar no hjir yn de wenkeamer en middels in tablet aansens ek op ús sliepkeamer. Sa kinne wy út bêd wei de ferwaarming ûnder heger sette, kinne wy al betiid genôch hearre hoe lang de files wêze sille nei kantoar ta, witte wy it waar en beharkje wy de hichtepunten fan it nijs sûnder oerein te kommen.

OK Google, frege ik, wat is een babyboomer? Een babyboomer is iemand die geboren is tussen 1945 en 1955. Na de oorlog waren de mensen erg blij dat het vrede was en dus werden er veel kinderen geboren. De wrâld en de werklikheid neffens Google, polityk korrekt en koart om de hoeke. Foar de bucketlistgeneraasje moat it libben sa yntinsyf mooglik belibbe wurde. En se koenen ris ôfsliten fingerseinen krije fan it tikjen en it swipen op harren mobyltsjeskermen. As it oraal of fokaal kin, yn de sliepkeamer of út de loveseat wei, wêrom dan tiid ferlieze mei opsykjen en skriuwen? Ik krige it yn de gaten: foar dizze foarmjouwers fan it eigen libben draait it earst en foaral om effisjinsje. Op kommando hearre sy fuortdaliks yn gearfetting wat se witte wolle. Big Brother Google filteret it oerstallige der wol foar harren út.

De nije tiid, wat kin ik der fan sizze? Ik seach de frou oan. Ik moast nijjiersdei mar wer ris fierder mei myn skriuweraasjes foar om ’e nocht, sy wol dan begjinne mei it bordueren fan in bertedoek foar wer in nije beppesizzer. Yn alle stilte en freedlik tegearre by de tiid lâns yn ús eigen fertroude, assistant-frije wenkeamer. En bytiden op ’e nij begjinne om’t it krekt wat better kin. En as it hjoed net klear komt, och, dan kinne wy it ús ek moarn nei it kuierjen noch wol oan tiid dwaan.

Ik winskje bern en alle googlers, omrinners en goefriezen, hurdfytsers en trekkerriders, bouwers en sânwurkers, plysjeminsken en ferpleechkundigen, skriuwers en lêzers, babyboomers, heiten en memmen in tige ûntspannen begjin fan de tweintiger jierren ta.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *