Paul Eluard: Frijheid

Op myn skoalskriften
Op it klasseboerd en de beammen
Op it sân en op de snie
Skriuw ik dyn namme

Op alle belêzen siden
Op alle ûnbeskreaune siden
Stien bloed papier of jiske
Skriuw ik dyn namme

Op de fergulde bylden
Op alle soldateskylden
Op de kroanen fan keningen
Skriuw ik dyn namme

Op de rûchte op de leechte
Op de nêsten op de heide
Op it wjerlûd fan myn jeugd
Skriuw ik dyn namme

Op de wûnderen fan de nachten
Op de witebôle fan dagen
Op takommend wolbehagen
Skriuw ik dyn namme

Op al myn blaufeale fodden
Op de dobbe sinneferslein
Op de mar moannebelein
Skriuw ik dyn namme

Op de greidgrûn op de fierten
Op de wjukken fan de fûgels
En op de mûne fan it skaad
Skriuw ik dyn namme

Op alle fleagen fan de dage
Op de see en op de skippen
Op de dwylsinnige berch
Skriuw ik dyn namme

Op it skom fan de wolken
Op it swit fan swier waar
Op de rein ticht en myld
Skriuw ik dyn namme

Op de fonkeljende foarmen
Op de klokken fan kleuren
Op de libbensliiflike wierheid
Skriuw ik dyn namme

Op de finnige fuotpaden
Op de jammerlike leanen
Op de grôtfolle pleinen
Skriuw ik dyn namme

Op de lampe dy’t oanstutsen wurdt
Op de lampe dy’t dwêste wurdt
Op al myn huzen mei-inoar
Skriuw ik dyn namme

Op de fruchten dwerstrochsnien
Op de spegel en myn keamer
Op myn bêd leech slakkehûs
Skriuw ik dyn namme

Op myn hûn, roppich en fol tearens
Op syn opstekke earen
Op syn ferkearde hinkepoat
Skriuw ik dyn namme

Op de springplanke fan myn doar
Op de fertroude dingen
Op de stream fan hillich fjoer
Skriuw ik dyn namme

Op elk pear dat inoar ferseit
Op de foarholle fan myn freon
Op alle útstutsen hannen
Skriuw ik dyn namme

Op it rút fan fernuvering
Op dyn wekkere lippen
Heech boppe de stilte
Skriuw ik dyn namme

Op myn fernield ûntwyk
Op it pún fan myn fjoertoer
Op de muorren fan myn ferfeling
Skriuw ik dyn namme

Op it fuortwêzen sûnder langsten
Op de neakene iensumens
Op de triemen fan de dea
Skriuw ik dyn namme

Op de sûnens werwûn
Op it gefaar dat ferdwûn
Op de hope sûnder ûnthâld
Skriuw ik dyn namme

En mei de krêft fan inkeld ien wurd
Begjin ik myn libben op ’e nij
Ik bin berne om dy te kennen
Om dy te beneamen

Frijheid.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *