Rabber Roatsje fynt wat

Freed fytste ik yn de omkriten fan Starum doe’t ik oansprutsen waard troch in dimpich mantsje ûnder in jagerspet dy’t yn dy lege wiidte mei sa’n metaaldetektor dwaande wie. It wie Roatsje, Roatsje fan de legere skoalle, Rabber Roatsje. Ik siet fan de fjirde klasse ôf yn de skoallebanken op it Wâld njonken dizze houserapper yn eigen tiid. Wy hawwe wat ôf lake. Punêzes op de stoel fan master Cork, dat soart saken. It hoarnen montuer, model piloat, mei bekraste glêzen stie him skeef en beslein op de noas en hy rûn der âldsk en krûm by, dêr op de klaai.
‘Hé Lomme ferdomme, do fytst de ferkearde kant op. It Wâld leit it easten yn.’ Sokssawat sei er op skoalle ek hieltyd, apart en orizjineel wie Roatsje en is er bleaun.
‘Roatsje? Rabber Roatsje Rhala? Och heden man, bist noch wakker oan it skatsykjen?’ Roatsje hie altiten jild te min. En langsten tefolle. ‘Of sikest it froutsje fan Starum, mei al har goud?’
‘Dat frommeske mei har hab-en-hâld kin noch djipper de see yn sakje! Ik haw it stjerrende kâld keardel, hast tiid foar in flaubyt?’

In kertierke letter sieten wy waarm yn de serre fan De Vrouwe Stavoren, Roatsje oan de kaprese en ik efter in board karpasjo mei poerbêste Parmezaanske tsiis. It praat kaam al gau op it Sis Tsiis barren fan tsjintwurdich en de âld ûnderwizer fan gâns in skoft lyn hie dêr fansels ek sa syn gedachten oer. Binne net hast alle renommearre Friezen ea begûn yn it ûnderwiis? En wat seit dat oer ús ûnderwiis?
‘Machtich moai fyn ik dat,’ tekene Roatsje op, ‘dat Sis Tsiis fan al dy pommeranten. Heech nedich ek, want it is oer alles hinne, it skriuwen fan tsjintwurdich. En dochs hen, en dochs, ik wit it net. Neffens my hawwe se, wy fansels, de striid al lang ferlern. It is praten tsjin de wyn. Wy moatte podgorny bliid wêze dát de bern überhaupt noch skriuwe tusken dy idioate ideogrammen troch. Mar geef Frysk skriuwe, man, dat is wol sa alderferskuorrendst dreech.’ Dêr koe ik it mei iens wêze.
‘Brek my de bek net iepen,’ stimme ik mei. ‘Yn alles wat ik skriuw fergriem ik de wurden en dêrom haw ik ek neat yn te bringen.’
‘Krekt. Ik wit net fan rjochten watst dêr seist, mar do hast lyk. Dus hie ik tocht dat it makliker moat en better kin. Sjoch, it Frysk is in praattaal. Altyd al sa west. Kinst der machtich mei rime, dichtsjendewei kin ik it wol sa moai meitsje! It is dus de stavering net, dat is fierstente tweintichste ieu. It moatte net de rigeltsjes wêze, net de kapkes en de streepkes en net de komma’s nei rjochts of de komma’s nei lofts. De bern binne net mear sa fan it kommaneuksel. Geef Frysk, wat nukt harren dat no? Lit se frij yn harren skriuwsels! As se mar Frysk skriuwe en as it mar Frysk líket. En gjin Hollânsk.’
‘No no, Roatsje, is dat net wat te maklik sein? Sá slim leit it lân wier net, de bern skriuwe dochs? Se dogge neat oars as fingerje op harren mobyltsje, de hiele godgânsklike dei troch en nachts ikke-ekke se tsjitterjend fierder oer hoe kreas en skerp en skrander se wol net binne.’
‘No, en dêr leit no krekt de koartste klap! Tûk fan dy, kinst wol sjen datst oare kante Amsterdam wennest. Sjoch, it sit sjesa.’ Roatsje Rhala kôge wat op syn Kaprese om. ‘Kninefretten,’ fûtere hy en joech him foaroer, swaaiend mei mes en foarke. ‘Ik haw it hielendal útdoktere. Der binne hjoed-de-dei 410 basisskoallen yn Fryslân. Fiif jier lyn wiene dat der oars noch 475. En der binne noch sa’n njoggentich skoallen yn it middelber ûnderwiis, en dat wurde der ek net mear. Dan hast byinoar sa’n fiifhûndert skoallen dêr’t de bern ompiele dy’t wy oan it Frysk skriuwen hawwe moatte. Fyftichtûzen Euro, dat jout eltse skoalle yn Fryslân hûndert Euro as prizejild foar de tûkst skriuwende Fryske media fingeraars op dy skoalle. Jild op de fingerseinen! Moastó ris sjen hoefolle en hoe faak dy gasten Frysk skriuwe sille.’
‘O ja?’
‘Ja wis!’
‘Soa.’
‘Soa? Is dat alles watst sizze kinst, ferdomme? Neat gjin soa mei dat fingerjen.’
‘Mar se wurde wol blyn! Fan dat dikerjen op dy skermkes. Sjochst gjin sjoernaal mear, tsjintwurdich? En blyn wêze is slim skriuwe en min lêze.’
‘Ho, net dichtsje do, dat is myn sjapiter. It giet sa lang ’t it fuotten hat. Hâld se mar ris wei fan harren snoadfoan. Nee, de jongerein op al dy skoallen sil yn in omsjoch in nije stavering ûntwikkelje, it telefonetiesk Friesk. Dat is de takomst, keardel! En dy priis wol ik de Lytse Trienus neamd hawwe. As de Riemersmas dat net ha wolle dan wurdt it foar myn part, as FeanFan, de Lytse Riemer. Of oars de Lytse Tsjêbbe, as dy earme stakkerts foar harren tiid al blyn binne. Sjoch, krekt dêrom bin ik hjir troch waar en wyn oan it grûnfinen. Om dy fyftichtûzen foar de bern fan Fryslân te fertsjinjen. Dit gouddoljen hjoed is myn bydrage oan it publike debat, jonge. Hjir, want it is net by my lâns gongen dat der by Warns blykber nea in slach west hat. En jou my no mar dat stik giele tsiis fan dyn board, want wat hastó nog tu skroewen, dêr oan de ferkearde kant fan de Iselmar.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *