Rabber Roatsje stúkt Pete Hoekstra

‘Hast it heard? Trump hat Fryslân lêstendeis útmakke foar shithole country. “Dy negerij dêr sit fol kultuerútfretters en jildfergriemers”, wiene dat net syn wurden? En hast fernommen wat syn freon en finansier Pete Hoekstra sein hat? Dat Fryslân fan Aldehaske ôf oan foar trijekwart in ‘no-go area’ is? “It’s incredible”, sei er, “se skeine en molestearre yn Fryslân goedwillige westerlingen en stekke safolle bussen yn de brân dat de plysje machteleas tasjocht!” Hat er sein, net dan? Wist hy folle dat it karbidbussen wiene.’

Roatsje wie lilk. De lêste wiken hie er al faker by ús yn Hillegom lâns west, op wei nei, of op weromreis út De Haach. Wat er dêr die woe er oant no ta net kwyt. ‘Topsekreet,’ wie it ienige wat er minsinnich ferkundige en dêr moasten wy it mei dwaan. Doe’t Roatsje hjoed de tún ynstapte seach ik fan syn gesicht ôf dat er foar de feroaring wer ris aardich op ’t skik wie.

‘Ast my in kappusyntsje skinkst dan sil ik it dy fertelle wat wy dêr yn De Haach brouwe. Topsekreet hè, net fierder fertelle. Sjoch, dy Trump dêr yn Washington, dy is te fier fuort en te fier hinne. Hoe genetysk geniaal, alzheimerfrij en psychysk topfit ek, dy keardel is en bliuwt in hopeleas sneu gefal en dêr kinne wy as stikumstukadoars neat mear oan dwaan. Mar, Pete Hoekstra…’
‘Ho! Wat seist, stikumstukadoars?’
‘Stikumstukadoars, ja. Hast wis wol ris heard fan de kommisje stikum? Bestiet út alle fraksjelieders yn de Twadde Keamer en hat tafersjoch op ús pak him beet fiifentweintich geheime tsjinsten of sa en wat dy útheve. No ja… tafersjoch, haha…! Dy kommisje hat har eigen taskforce om it echt smoarge wurk te dwaan, want sy betrouwe net ien. Gjin ien! Ik sit neffens Fryslân yn dy Taskforce. Mar dyn lippen binne tichtplakt, hè, tink derom!’
Sealed!’
‘Sa mei ik it hearre. Dy Pete Hoekstra dus, dy kinne wy noch wol op ’en nij opfiede, ek al is er in Grunninger en oars wol in aardige man. Gewoan in kwestje fan lekstekke, leechrinne litte, bânplakke en syn bubbel dêrnei wer stadichoan opblaze mei in útbalansearre mix fan lachgas, Frysksinnich korrekte kultuer en molke. En no komt it: as ús sneupers yn ús argiven sa tûk binne dat se fuortrekke filmkes fan Stan Laurel fine kinne, dan kinne se ek de dokuminten fine dy’t oertsjûgjend bewize dat ús Pete net in Grunninger is mar in Fries. Grunningers hjitte Hoekema, Friezen hjitte Hoekstra. Ynkopperke. Dat is ien.
Twa: witsto dat Ljouwert dit jier Kulturele Haadstêd is fan Europa? Nee fansels, mar -kultuer!- der rinne fan it simmer in wykein lang fyftsjin meter hege ‘ikoanyske’ reuzen troch de stêd, mei Fryslân as tema. No kinst der donder op sizze dat ien fan de reuzen Grutte Pier wêze sil, ynkopperke. De twadde, kin ek net misse, Kening Rêdbâd, ús Pake. De tredde is dan fansels Willem Schoorstra fan Ternaard, mar wa is de fjirde? No?’
‘Pete Hoekstra??’
‘Krekt! De measte Amerikanen binne wat nayf en idel en do moast net tsjin dy grutte opblaze ego’s en betterwittende brulboeien fan dat folk yn gean, want dan hast it ferlern, garandearre! Fearen yn de kont stekke, hoe bûnter en hoe skerper en hoe langer hoe better! Grutter meitsje as se binne! Dy Amerikanen witte dan net hoe’t se dy fan bliidskip tankje moatte en hoe gau se dat de wrâld yn twitterje moatte.’
‘Twitterjet dy Pete Hoekstra dan ek?’
Sure! Alles wat Trump docht dat docht ús Pete ek. Dy Hoekstra is sa’n figuer, dy sit plakt op it plús as fungus op in deade beam. Dat fan ’e wike ha ik regele dat yn augustus Pete as in reusêftige poppe oer it Saailân swilet! En sil ik dy nóch wat fertelle? Ik ha it hjoed ek foar inoar krigen dat Hoekstra dat wykein sels nei Fryslân komme sil. Op in factfinding mission. Hy wist earst net wat dat wie, moast er noch útsykje. Dát hy komt hat Baudet moai foar my bepankoekbakke. Dy wist oars ek net wat in fact wie. Wat is dat dochs tsjintwurdich, se lulle de hichte yn mar hawwe gjin djipte.
Pete Hoekstra kin meirinne yn de optocht fan reuzen om him sels fêst te hâlden. Sa sil er syn eigen ego beteugelje. Ynkopperke, of net dan?’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *