Rabelais: Gargantua en Pantagruel – hoe ’t Jehannes de wyngerd fan de abdij behoede

Wat gie it mâl ta by it roovjen en stellen troch it kriichsfolk fan de fijân, ûnderweis nei de abdij fan Souillé. Húskebylâns klaaiden sy de manlju en froulju neakend út en tôgen alles wei wat se yn de klauwen krije koene: gjin hûsrie wie harren te hjit of te swier. Hoewol de pest yn hast alle wenningen hûze, rûnen se oeral yn en út en plonderden alles wat se tsjin kamen sûnder dat der ek mar ien fan dy keardels syk waard. Dat wie dochs wol hiel bysûnder! Wylst de papen, de sielehoeders, de sikebroeders en de prekebroeders, de hielmasters, de sjirurginen en de baardskeerders dy’t de siken opsochten en fersoargen, hielen en fermoannen, tapreken en treastgen allegearre oan dy besmetting stjerden, hie it ûnk hielendal gjin fet op dy duvelske moardners en dieven. Hoe kín dat sa, Hege Hearen? Prakkesearje dêr mar ris oer, bid ik jimme.

Nei’t de stêd útplondere wie, sette de fijân tjirgjend en mei grut trelit op de abdij ta, mar dy fûnen se stevich skoattele en sletten. It grutste part fan it kriichsfolk marsjearre doe fierder nei Gué de Vede, linkerkant de Loire, útsein sân findels fan fuotfolk en twahûndert speetsdragers dy’t efter bleauwen om de ringmuorren fan it abdijhôf yn stikken ôf te brekken, de wynrispinge te fernielen en de hiele wyngerd mei de grûn lyk te meitsjen.

De earme duvels fan muontsen wiene sa ûntset dat se net wisten hokker fan harren hilligen se oanroppe moasten. Tsjin hope op hope waard de klokken let, ad capitulum capitulantes, om de oersten fan it riedkapittel lûdlêstich ta beslút te roppen. Dat besleat om in sa steatlik mooglik prosessy te rinnen, optuge mei allerhanne preuveleminten, gebeden, lêzingen, litanien en swietlûdige oanroppingen fan alle hilligen contra hostum insidias en sprekkende wjerwurden foar de leave frede.

No wie der doetiids by de abdij in muonts ynbêde mei de namme fan Jehannes de Houwer: jong, fleurichop, fris, feardich, dryst en in flinke weachhals, in goederlaakse lange skraalhâns mei in sa’n brede mûle dat er gatten ticht prate koe; in brave moarnsmisbabbeler en trochslieper fan wachtstûnen mar bang foar duvel noch boarstrok; koartsein yn ien wurd, nea hat der in oprjochter muonts west sûnt it muontsenskip muontsen muonnike: boppe-al wie er, as it op brevierpreuveljen oankaam, in kleasterling ta hakken en teannen út.

Doe’t Jehannes yn de wyngerd fan it abdijhôf it gerôp en geraas fan it wylde kriichsfolk hearde, stapte hy bûtendoar om te sjen wat dêr te dwaan wie en sa seach er dat se de wyngerd al plonderden mei alle druven dy’t de muontsen hiel it kommen jier yn de drank hâlde moast.

Hy stapte yn hûndert hasten werom nei it koor fan de tsjerke ta, dêr’t alle muontsen fernuvere en sa wyt om de noas as klokkejitters drokdoggerich gûlden of oan it kleastersjongen wiene im, min, pe, ne, ne, ne, tum, ne, num, num, ini, mini, co, ho, ne, no, o, o, neno, ne, no, mi, i, se, e, re, re, vi, vin, o, o, rum, no, o, stro, stro, ro, ro, rum, a, fu, fu, ro, re, e, o, ru, rum, li, be, e, ra, a, no, nos, do, o, mi, i, ne, ne, ne.
Jehannes koe dit do, o, mi, ne, ne mei gjin mooglikheid langer oanhearre. ‘Dat sjonge jim no wol lazerich moai,’ sei er breinroer, ‘mar dát der hjir noch sjongen wurdt, blikskaters. Wêrom sakramintsje jim net: oant sjen druvekoeren, it wynfet bliuwt ivich sûnde leech en hol? Helje my de dreechste Dútse dûkers as se al net no yn ús hôf ûnder ús druven en wynstokken sitte te húshâlden, en wol sa, by God syn hiel hillich bonkerak, dat der foar ús de earste fjouwer jier hielendal neat mear te krintsjen falt! By de dikke pampsak fan Sint Jakob, wat sille wy earme slokkerts ûnderwilens dan drinke moatte? O Hear fan Hearskaren, da mihi potum, jou my in goed potsje drank!’
‘Sakkerloaten tûzen duitsjeblêddieven,’ rôp de abt, ‘wat moat dizze minne dronkemansprater hjir? Hy dy’t ús hillige tsjinst komt fersteurjen, smyt him fuortdaliks de tsjerke út en de tsjerker yn!’
‘Ja ja,’ sei Jehannes de Houwer, ‘mar dan moatte jimme wol sá trochgean mei dizze hillige wyntsjinst, dat dy daliks net fersteurd wurde sil troch it rebûlje oare kant de muorre. Fan al ús wyndrinkers binne jó, hear abt, sels de grutste en de grouste leafhawwer (…). Dus harkje, alle jim hearen dy’t sa poer mei ús wyn binne: as de soademiter, kom mei jimme! Want Sint Sixtus sil my myn skouders skroeie as der hjir in keardel is dy’t no neat docht om de wyngerd te ûntsetten en ús wyn te redden mar aansens wol in romer wyn skinke sil. Godsakraminten, it is goudguod fan de Tsjerke! Sels Thomas de Ingelsman woe de deale der sels de dea foar yn. As ik sneuvelje om deselde reden soe ik dan ek net in Hillige wêze? Mar safier sil it net komme, blikstiender. Ik sil eigenhannich dy duvels dêrbûten om ’e nekke bringe.’
By dizze wurden smiet hy earst syn swier pijgewaad oer de flier en pakte doe fan it alter de lange krússtêf dy’t fan oestich hurd en poerbêst hûnebeibeamehout makke wie, in stêf sa lang as in lâns en sa tsjok as in fûst en keunstich beskildere mei leeljes dy’t al in hiel ein hinne ôfsliten wiene.

En sa draafde hy nei bûten ta, sûnder kap en kovel mar yn syn skoane wapenrok, syn pijgewaad as in sjerp om it middel en de stêf fan it krús yn syn knûsten. Ferheftich stode hy op de fijân yn, dy’t ûnoardelik, findelleas en sûnder tromme en trompetten yn de wyngerd oan it druvesykjen wienen, want de faandrichs en de hoarnblazers en de banierfierders hienen harren findels en hoarnen en banieren lâns de muorren weisetten; de trommelslaggers hienen de trommels oan de boppekant iepenskuord om dêr de druven yn te dwaan, de hoarnblazers sjouden mei de wynranken dêr’t de blêden en de alderlekkerste druven noch oan sieten, al mei al wie der gjin slachoarder en gesach en rûn it rosmos dwylsinnich alle einen en kanten op. Jehannes pakte se sa dryst en rûch oan en sa hommels dat hy se as bargen deastuts wylst er neffens de alâlde skermkeunst as in wylde om him hinne maaide.

Guon bruts hy de earmen en de skonken, oaren sloech er de harsens yn, guon hufte hy sa’n oplawibus dat harren de kop finaal ferkeard op it liif siit, oaren joech er in alderivichste reis dat se troch harren ribben seagen as in dief troch de traaljes, wer oaren sloech er de noas ôf of de eagen út, spjalte kaken, mepte tosken út de bek, plette skouderblêden yn de pleuris, pletste poaten oan barrels, stjitte heupen út de kom, fergruzele nieren en ferplettere in mannichte speakbonken en piipbonken wol sa ûnhjimlik dat se omsoalden as gêrs foar de seine.
As der ien weikrûpe woe tusken de wat grouwere wynstokken, dan ferbrizele Jehannes de rêchbonke en slachte him ôf as in hûn mei gleone eagen.
As der ien flechtsjendewei it ferlerne liif rêde woe dan kliuwde er de bargesnút oan barrels mei in betûfte beuk op de bilnaad.
As der ien foar de feiligens yn in beam kliuwe woe, dan riuwde hy him op syn turks troch it fûndemint oan syn krússtêf.
En as ien fan Jehannes syn âlde maten rôp: ‘asjebleaft broeder Jehannes, âlde makker bêste freon, ik jou my oer,’ sei er: ‘dat silst wol moatte jonge, mar skink dyn siel dan tagelyk oan de divel,’ en weefde dan fuortdaliks mei him ôf.
En as der ien sa oerstom en domdryst wie dat er Jehannes tsjinwar dwaan woe, koe er pas wurklik de krêft fan syn spieren sjen litte en stjitte er lyk ta, dwers troch boarst en hert hinne. By guon mikte hy ûnder de ribben troch om in groulik gat oan de mage te smarren dat se op it plak sels ferrekten.
Oaren drevele hy mei sokken dûst de nâle yn dat harren de termen as pudding skytkrekt op de fuotten barsten. By noch wer oaren ierslette er mei sjirurgyske krekten troch de kloaten it bealchsein. Jimme kinne der fan op oan dat dit it ôfgryslikst gesicht wie dat in minske ea op ierd sjoen hie.
De iene rôp Sint Barbara oan, in oare Sint Joaris, in oare Santa Hoattelstoat, in oare Us Leave Frou fan Fifelefoars, fan Lorette, fan it Bliid Boadskip of fan it Omhingend Krânskip. Guon bidde om help ta de Hillige Hilbran, oaren ta it hillige switdoek fan Chambéry, wer oaren ûnthiten Sint Jannes fan Amiens, Sint Mismis fan Chinon, Sint Jedokus fan Jeruzalim of tûsen oare leave lytse hillige skepseltsjes sûnder wryt of slyt.

Guon krepearren sûnder te praten, oaren praten sûnder te krepearen. Guon krepearren ûnder it praten, oaren praten ûnder it krepearen. Wer oaren raasden lûdop: ‘bychtsje, de bycht. Ik doch belidenis yn jo hannen.’ Sa alderraarst wie it tsjirmjen en gnirjen fan de ferwûnen dat de hear abt en syn gânsklike kliber fan skeerde muontsen doch mar ris nei bûten kamen. Doe’t sy oeral yn de wyngerd al dy earme stakkerts kapothoud en heal deaslein lizze seagen, hearden guon fan de prysters harren de bycht. Mar de jongste muontskes draafden allegearre op broeder Jehannes ôf om te freegjen hoe’t se him it bêste helpe koenen. Dêr’t er op antwurde dat se dy luzige liddichgongers mar sa’n bytsje ôfmeitsje moasten. Doe smiten de muontsemûskes harren tabernakelse pijgewaden oer de earste de bêste druvebeammestaak en gongen oan de minsken dy’t al deadlik ferwûne wiene de halzen út te snijen en ôf te slachtsjen. Witte jimme mei hokfoar wapens? Mei fan dy moai lytse healstikken meskes dêr’t ús berntsjes de wâlnuten mei iepenje en partsje.

Guon muontskes namen de findels en banieren mei nei harren sel om der hoasbannen fan te meitsjen. Mar broeder Jehannes stapte ûnderwilen mei syn krússtêf op it gat dy’t de fijannen makke hienen ôf om dy te sluten. Dejinge dy’t bychte hiene en troch it gat nei bûten de frijheid ynstappe woene houde Jehannes dochs mar de dea yn mei de wurden: ‘dizze minsken hawwe bychte, se hawwe berou en se hawwe ôflaten betrachte, dus sille se streekrjocht nei it paradiis ôfreizigje, watsei?, sa rjocht as it bêste paad nei Rome.’

En sa wie it dat troch syn moedich dwaan al it kriichsfolk dy’t de abdijwyngerd plondere woene ynmakke waard, trettsjintûzen seishûndert twaentweintich yn tal, útsein fansels de froulju en de bern, dat seit himsels.
Sels de magiërkluzener Mâlegreef, fan wa ferhelle wurdt yn it epos oer de fjouwer Hiembern, hat mei syn pilgrimstêf lang sa moedich net op de Sarasenen ôfstuorme as dizze muonts mei de stêf fan it krús tsjin de plonderers.

(Boek 1, haadstik XXVII)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *