Rokjesdei yn de omrinwinkel fan de oksepripper

Ik rûn efter jo oan nei boppen ta
Yn de omrinwinkel fan de oksepripper
Triem foar triem haw ik jo besnuve
Willich as in loene lotbeskikker

Och, wat rûkte jo lekker, mefrou
Nei krintebeamkes en franjekrûd
Nei fioeltsjes en flewielen kjessens
Yn de omrinwinkel fan de oksepripper

Ik wie tige op jo stal fixeard
Jo droegen suède skuon sa giel as sân
Fjouwer smelle skouderbantsjes
En in trouring oan jo rjochterhân

Wat rûkte jo dochs lekker, mefrou
Nei finesse en fonkeljend hurdfjoer
Nei glânzigens en folle glêskes konjak
Yn de omrinwinkel fan de oksepripper

Boppe stiene jo foar in steande spegel
Ik haw jo doe temûk beglûpe
En tute jimme beide yn gedachten
In twilling yn dûbelbleate simmerjûpe

Och, wat rûkte jo lekker, mefrou
Nei bedêstheid en blêdegriene nútsjes
Nei ûntjoude bluossems en stikeme tútsjes
Yn de omrinwinkel fan de oksepripper

By ’t opskikguod pakte jo in sulverkaaike
Jo beseagen it yn wytgleon neonljocht
Uteinlik keazen jo in gouden doekspjeld
Ik tink út skaaieskarrel libbensnocht

Wat rûkte jo dochs lekker, mefrou
Nei fakânsjewille en Spaanske strannen
Nei dreamidylle en mankelikens
Yn de omrinwinkel fan de oksepripper

By de platekast dikere ik jo bloeske
Op ’e linkerboarst dy iene inkelplak
Ik soe wat sizze, ik woe wat dwaan
Mar dat wie altefolle ûngemak

Och, wat rûkte jo lekker, mefrou
Nei blijmoedichheid en klûntsjebôle
Nei frijmoedichheid en kraaltsjeblommen
Yn de omrinwinkel fan de oksepripper

Ik rûn foar jo fuotten de trep wer del
Mei in kopy fan in Russyske ikoan
Och hearkes, wat woe ik jo oanbidde
En wat fûn ik dat deagewoan

Wat rûkte jo dochs lekker, mefrou
Nei abrikoazen en fruchtesûker
Nei appelroazen en greidefarske bûter
Yn de omrinwinkel fan de oksepripper

By de boeken bûgde jo fier foaroer
Om in rige reisferslagen te besjen
Jo namen dêrfoar wakker de tiid
Sa haw ik my yn Chanson d’Amour ferlern

Jo rûkte sa opfrettend eksoatysk, mefrou
Jo betsjoene my mei dix-neuf hertstocht
Troch jo feintsjelok haw ik de himel fûn
En dat kaaike foar in kwartsje kocht

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *