Solange sjongt net mear – Solange sans chaussures

Solange sûnder skuon
sûnder streakjes, sûnder slyt
stammertsje fol fan hertesear
Solange spjochtich en net sa praatsk
Solange sliept net mear
Solange sjongt en sliept net mear

Solange fol fan spyt
slûke skouders, slûke skammels
stakkertsje sûnder twapetear
Solange skruten ûndermaatsk
Solange skrept net mear
Solange sjongt en skrept net mear

Solange sûnder slinger
sûnder steuntsje, sûnder stee
Solange slút de hannen gear
Solange slij en net sa praatsk
Solange slist net mear
Solange sjongt en slist net mear

Solange sjongt en slist net mear
Sjongt en slist net mear
sjongt net mear
beslist de dea
Solange sjongt
beslist net mear

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *