Suver ynsest is ek sawat

Nei de lange drûchte fan dizze simmer foel der fan ’e wike alwer in Ensafh op de doarmatte. It artikel fan Oene Spoelstra oer it toaniel (Wat bliuwt?) is nei myn behyplik oardiel deeglik en bysûnder nijsgjirrich. Wenne ik no mar yn Fryslân, dan hie ik der yn april by west, by it pinfiskjen. Oars hie ik dan ek al lang in kursus of in goeroe folge om te learen wat no eins in goed gedicht is. Thús ha ik allinne RIXT foar mysels.

En no ha ik jimme! De oardel leafhawwer fan de Fryske taal. The diehards, de trochklikkers, de ûnfergonklike ‘knapste koppen fan myn generaasje’. Ien smûke famylje fan betûfte tinkers, dat allegearre like fleurich ien en deselde saak foar eagen hat en dat is fansels de oanhâldende promoasje fan it Frysk yn alle fasetten, lit it literatuer of lektuer wêze, yn it bestjoer of op skoallen, yn Fryslân of yn de fierste úthoeken fan de wrâld. Ik ha yn de gaten dat jim leafhawwers sels oant yn Kanada, Sina en de Filipinen ta sitte.

Ik doch jim witte: justerjûn om in oer of tsien hinne krige ik in app fan myn dochter. Mei man en myn beide pakesizzers ferbliuwt se in wike yn in fakânsjebungalow yn America, Limboarch. Sy praat gjin wurd Frysk, ferstiet it wol aardich, kin it fansels net skriuwe en Frysk lêzen hat se noch nea dien. Myn skriuwerij falt folslein bûten har eachweid. Mar justerjûn wie se hielendal út ’e skroeven. Se lei dêr yn America foar it hurdfjoer slop fan it laitsjen mei in Frysk boek yn de hannen!

Sy en har man hiene op dat stuit dêr op it heechpoalich skiepewollen Ikea-tapyt ek in tredde pakesizzer op priemmen sette kinne, mar nee, dat lêst in Frysk boek! Dan moat it dochs wol wat bysûnders wêze. En dat is it. Se fergrieme har om it boek De humor yn fan in Jan Schokker. Yn dit boek sjocht Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij en leit dêrby de klam op bysûndere ûnderfiningen en aparte situaasjes. Foar’t it boek publisearre waard, ôfrûne sneon, stie der al in boekbesprek yn de annalen fan de Schokkerdynasty dat ik jim net ûnthâlde wol:

De humor yn heart in bytsje as ‘Help; de dokter verzuipt’, mar is folle better. De Toon Kortooms fan Fryslân lit sjen dat alle flaters grappich binne as it mar in oarenien oerkomt. Humor is op’t lêst de wiere graadmjitter fan it echte libben en Schokker wit dat it de tragyk fan it libben timperet. Yn alle gefallen makket hy klear dat flaters fan foarhinne de bêste ynvestearrings binne foar in âlde dei.’

Wiere wurden! Lês oer ‘pientere’ pookjes en de fratsen fan de ferneamde cartoonist Cork (Cor Hoekstra – ‘dy dwerse aap’ fan De Strikel) as skoalmaster op It Wâld en hoe’t er letter dizze singuliere Schokker de humor yn dreaun hat, lês teffens oer it kuorbaljen, hoe’t Jeen van den Berg de jonges en famkes fan Blauw Wit ôfbealge en noch folle mear. No foarút, in lyts stikje. Schokker yn syn hoedanichheid fan monteur by in ynstallaasjebedriuw:

‘Der wie koartsluting yn de âlde liedingen fan de stâl by in boer op de Gaast. Njoggen oere wie der kofje en wy dienen de overal út, mar dat hie net hoegd. Wat in binde yn it hûs. It kaam der net sa krekt. It hiele oanrjocht stie fol smoarge boarden, healfolle pannen, skalen en potten. Seis of miskien wol tsien katten libben dêr, in hûn, in pear bern dy’t nei de berte ek net mear skjinmakke wienen en der siet in fiis âldman oan de tafel. De frou hie in grutte floddertrui oan, dêr’t twa machtige boarsten alle frijheid hienen om yn om te dûnsjen. Se rausde ien fan de bern fan in stoel en dêr moast ik sitte. (…) De âldman siet sûnder gebit yn syn koeke om te haffeljen en flibere de kofje nei binnen. De kofje mei geitemolke smakke apart en doe krigen wy noch in bakje en gie it ferskriklik mis. Trui luts de kopkes nei har ta, batste de kofje der yn, geat der molke by en dielde de kopkes wer út. Foar my net it slimste, ik krige it kopke fan Barteld, mar myn maat dat fan de âldman. Ik sjoch noch de ferbjustering op Barteld syn gesicht.’

Keapje dat boek. It sil jimme, wêr dan ek op de wrâld, wat kleur en fleur by it kloatdrûgjen skinke.

Jan Schokker: De humor yn
ISBN 978 946365 096 0
Utjouwerij Elikser, Ljouwert
Euro 14,50

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *