Vladimir Vojnovitsj: kom yn de kunde mei soldaat Ivan Tsjonkin

Hjoed is bekend makke dat de skriuwer en Sovjet-dissidint Vladimir Vojnovitsj (85) stoarn is. Hy waard foaral bekend troch syn roman: De merkwurdige wederwarichheden fan soldaat Ivan Tsjonkin.  Dizze lytse oersetting hie ik noch op de planke lizzen.

Achtber lêzer!

Jo hawwe fansels al yn de rekken dat de op ôfswaaien steande militêr Ivan Tsjonkin lyts fan stik en tsjilskonkich wie en boppe-al foarsjoen fan twa reade flapearen. ‘Wat in figuer fan neat,’ hear ik jo ferheard útroppen, ‘moat dat in foarbyld wêze foar ús jongerein? Wêr hat de skriuwer sa’n held tusken oanheltekens weihelle?’ En ik, de skriuwer, fiel my yn de pinne setten en betrape, want ik moat bekenne dat ik him nearne wei helle ha. Ik ha him út de tomme sûge, net om him ta foarbyld te stellen mar om’t ik tafallich neat betters te dwaan hie. ‘Stel dat dit sa is,’ sille jo kritysk freegje, ‘hoe komt de skriuwer derby om sa’n ien te betinken? Foar itselde hie er ommers by de werklikheid te riede gean kinnen en beskriuw in echt stoere soldaat, kant fan liif en lea, in foarbyld fan dissipline, paratens en polityk bewustwêzen.’ Dat soe fansels kind hawwe, mar it mocht net sa wêze. Alle modelsoldaten wiene al fersein, en ik moast it dwaan mei Tsjonkin. Earst siet ik dêr tige mei, mar nei ferrin fan tiid skikte ik my yn myn lot. In held út in boek is krekt in bern. It is eat dat jo krije, en dêrmei út. Jo kiperje him net ta it raam út. Oaren sille ornaris bettere en skrandere berntsjes hawwe, jo hâlde no ien kear it meast fan jo eigen bern, omreden dat it fan josels is.

Tsjonkin syn foarôfgeande biografy befette net folle mominten dy’t wichtich genôch binne om jo dêrmei lêstich te fallen, mar ik kom der wierskynlik net ûnderút om -al wie it mar yn in pear wurden- wat te ferheljen oer syn ôfkomst en libbenspaad oant no ta.

No, hawar, yn in doarpke oan de Wolga libbe guon jierren lyn in Marjana Tsjonkina, in deagewoan boerewiif en widdofrou. Har man wie sneuvele yn it jier njoggentsjinfjirtjin, yn de ymperialistyske oarloch, dy’t lykas bekend, dêrnei oergie yn de boargeroarloch en noch in hiele set duorre. Yn dy tiid, doe’t de striid yn de omkriten fan Tsaritsyn wie, lei it doarpke dêr’t Marjana wenne krekt op de krusing fan militêre rûten. No ris lutsen de Readen der trochhinne, oare kear de Witen, en it romme en lege hûs fan Marjana foel by beide partijen mar wat yn de smaak. Op in kear wie yn it hûs fan Marjana in wike lang in faandrich Golitsyn ynkertiere dy’t hiel yn de fierte eat mei it Russysk keningslaach te meitsjen hie. Nei’t hy wer ôfreizge wie hie er it doarp nei alle gedachten rillegau ferjitten, mar it doarp him net. Doe’t Marjana in jier letter (gjinien hie de aginda byholden) in soan te wrâld brocht, waard der grute dat de kening sels hjir de hân yn hie. Al wie ek de pleatslike hoeder Serjoga ien fan de fertochten, mar dizze wiisde de beskuldiging mei klam fan de hân.

Marjana neamde har soan Ivan en joech him as heitenamme Wasiljewitsj mei, nei har sneuvele twadde helte. De earste seis jier, dy’t er net mear heuge koe, libbe Ivan in earmoedich bestean. Syn mem wie net sterk, liet de húshâlding sloere en koe amper de toutsjes yn hannen hâlde. Se ferdronk yn de rivier. Yn it begjin fan de winter wosk se yn de Wolga en wie sûnt dy tiid nearne mear te finen. Pas fan dy tiid ôf koe Ivan saken oer himsels en de wrâld te binnen bringe.

Ivan bleau net poer allinne efter. Hy waard leafdefol opnommen troch de buorlju dy’t ek Tsjonkin hjitte, faaks famylje fan him. Dy hiene sels gjin bern en hiene it al yn harren omgean litten om ien te adoptearjen út in weeshûs doe’t dizze kâns oanwaaien kaam. Se stutsen Ivan nij yn de klean en lieten him doe’t er wat grutter wie hiel wat putsjes dwaan, hea keare, yn de kelder jirpels sortearje, soksoarte karweitsjes. Dat kaam harren djoer te stean.

Op in stuit moasten se yn it doarp sykje nei koelakken mar koene der gjinien fine. De opdracht wie dat se der bûge of barste teminsten ien fine moasten, al wie it mar om in foarbyld te stellen. Doe ûntdekten se de Tsjonkins dy’t oarmans wurk, ja sels berne-arbeid exploitearren. De Tsjonkins waarden deportearre en Ivan yn in bernetehûs opburgen, dêr’t se him twa jier lang om ’e nocht de grûnbegjinsels fan wiskunde besochten by te bringen. Ynearsten liet er dat bûchsum oer him hinne komme, mar doe’t de sturtdielings oan bar wiene hie er skjin syn nocht en flechte werom nei syn bernedoarp. Wilens wie er al in hiele knaap, yn alle gefallen sterk genôch om in hynder in haam oan te lizzen. Hy krige in baantsje yn de molkfabryk, dêr’t se yndachtich syn hege ôfkomst pligen te sizzen: ‘Kening, túchje de skimmel op, jo moatte te dongriden.’

Sa waard er net neamd yn it leger, om’t se dêr syn bynamme net koenen en syn uterlik neat keninkliks ferriede. Doe’t bataljonskommandant Pachomov Tsjonkin foar it earst seach, sei er sûnder wifkjen: ‘Nei de stâl.’ Dêr wie gjin spiker tusken te krijen, yn de hynstestâl wie Ivan hielendal yn syn elemint. Sûnt dy tiid koene jo him dei út dei yn branhout en jirpels nei de keuken riden sjen. Hy learde hem dêr fluch omstean en it duorre net lang of hy him de wichtichste tsjinstwetten eigen makke, lykas: ‘De tsjinst ropt – de soldaat draait him om,’ ‘hastich dy stadich, der kin noch in tsjin-tsjinstoarder komme,’ sokssawat.

Alhoewol’t Ivan yn syn hiele tsjinsttiid gjin inkeld oplieding krige en net in monteur of motorordonnans waard lykas syn maten, soe er mei dit bestean folslein tefreden west hawwe as syn libben net fergalle waard troch sersjant-majoar Peskov. Hy hoegde net mei op oefening, hoechde gjin flierren te skrobjen yn de kazerne en wie frijstelle fan eksersysjes. Jo koene him komselden yn de kazerne fine, simmerdeis slepte hy gewoanwei yn it hea en winterdeis yn de keuken. Om’t Ivan nau ferbûn wie mei de keuken hie er bliksems goed te iten. Allinnich ien algemiene ferplichting wie er net fan frijsteld – de politike les.

Vladimir Vojnovitsj: De merkwaardige lotgevallen van soldaat Ivan Tsjonkin, Meulenhoff, ISBN 9029037091

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *