Wat kin it skille

‘Rink! Keardel, wat ha ik dy yn tiden net sjoen. No silsto in slokje fan my ha, fuortdaliks! Watsei, is it tsjintwurdich in deade boel yn de kroech? Wat wolst, de minsken lizze de hiele jûn thús te netfliksjen, of op de snoadfoan it lêste kulnijs te like-jen. Do moatst mar net sa lûd prate, ik kin dy hiel goed ferstean. Want ik ha sûnt ferline wike in gehoarapparaat. Sjoch ris, moai guod net? En dat is krekt wêrom ik no by de frou wei bin. Hoe’t dat sa kin sil ik dy fertelle, ast it mar net opskriuwst.

Ik ha dy eartiids dochs it ferhaal dien fan dat doaske Viagra? Seis foar de priis fan fiif, en noch wie it stiif oan de priis. Dat wie yn it begjin fan dat guod, om twatûzen hinne. De frou en ik tweintich jier troud, de fleur der hast út, beide al wat krebintich, dat ik tocht ik sil myn Marije op har jierdei ris wat sjen litte. Moaie Meine op de buorren hie in ferrekt patint handeltsje yn dat spul. ‘Tink der om, Lieuwe,’ sei er noch, ‘tink der om: dit binne swiere kringen, ien is genôch foar dy, better noch in heale.’ Mar sis no sels, op ien poat kinne wy net gean en op in heale noch minder. Twa piltsjes, hupsakee. Ha ik dy doetiids ferteld, of net dan? Hoe’t Marije yn it begjin der botte nocht oan hie, mar it letteroan net mear neikomme koe. Ik ha doe tasizze moatten dat ik har nea nevernoait wer sa oer it mêd komme soe. Want dan naaide se derút. Och heden, wat wie se lilk, myn Marije! Mar se waard pas poerrazend doe’t se alles in bytsje moaier yn de krante fernaam. Dêrom, net opskriuwe! Hindert neat, dat wie doe, wy binne achttjin jier letter en no kom ik mei myn ferhaal. Jouke jonge, skink ris in flutsje by.

Ferline wike, in net te missen oanbod: yn It Nijs, dat krantsje op ynternet, waard der testbrûkers frege foar gehoarapparaten. Ik hie dy advertinsje al ris earder sjoen. Twa foar de priis fan gjin, hielendal fergees. Ik bin de sechstich al fier foarby en dan wurdt alles der net better op. No ja, hast it sels ek fernommen. Marije hie sa faak sein dat ik myn earen útspuitsje moast. ‘As ik dy freegje wat te dwaan dan hast alle kearen stopferve yn de kop’, wie it de lêste tiid. Tsja, Marije seit safolle. Op alle jierdeis komt se wer mei dat ferhaal fan de blauwe piltsjes, en har ferhaal heart alle jierren narderiger. Jo binne der mei troud en jo moatte it der mei dwaan, mar dy stopferve, dat die it him. Dat ik ha op dy side in fragelist ynfolle, en wat tinkst? Koade Read! Ik op de fyts nei dy winkel, ferline tongersdei ierbetiid, myn fêste fiskerdei. Dêr ha ik my it nijste fan it nijste oanmjitte litten, fergees.

Man, wat wie ik ferjitten dat der sok aardich lawaai yn de wrâld is. Fuortdaliks de muzyk al, yn de winkel fan dy earboeren. Bûten de eksters, de lysters en de protters, in leven as in symfony. Machtich! Wie ik hielendal kwyt. Der gie wer in wrâld foar my iepen. En mei dat kreaze waar, wat wie it libben ynienen fleurich en kleurich. Jouke, hoe heech binne wy no? Kin noch wol ien by!

Dat fiskjen dy dei, dêr hie ik hielendal gjin nocht mear oan, fisken sjonge net. Nee, ik woe rap op hûs oan. Ik tink dat ik Marije as it ware dielgenoat meitsje woe fan myn bjusterbaarlik âld-makke-nije diminsje. Of sokssawat. Dat ik kom tongersdei om in healwei tolven fluitsjend de strjitte yn fytsen en by Moaie Meine, krekt by Moaie Meine fan dy blauwe piltsjes, hear ik my dochs in bekend lûd fan boppe kommen. Ut in sliepkeamer wei. Ik tocht dat koe Marije wol ris wêze! Nuver net? Myn Marije, op wei nei in orgasme ropt se altiten de hiele hearskaar byinoar. No ja, by my yn alle gefallen. Ik ha earst de fyts by ús thús yn it hok setten. Gjinien yn it hûs, gjin Marije te sjen, en de doarren iepen. Doe bin ik fjouwer hûzen tebek nei Moaie Meine ta rûn, dêr wiene de doarren ek net op slot.

Och, witst, skriuw it dochs mar op, wat kin it skille. Marije kickt no op Meine syn blautsjes, mar ik fluitsje mei de fûgels.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *