Wat witte wy fan de werklikheid?

It skelle lûd fan de doarbel brocht my ynienen werom yn de werklikheid, krekt op it stuit dat ik foar de safolleste kear dit jier in driuwende oprop lies om in ferhaal yn te stjoeren (‘stek de potlead yn de grûn, klap de laptop iepen!’; dit alles moast gewoan in komplot wêze om my mar net oan it skriuwen fan in boek te krijen). Ik liet de Frysk engazjearre literatuer en myn imazjinêre bydrage dêrta eefkes foar wat it wie en rûn de gong yn.

Troch it rút fan de foardoar miende ik in fertroud postuer waar te nimmen en wrachtich, dêr stie Roatsje Rhala op de stoepe. Hy hie in flinke ferhúsdoaze yn de hannen. ‘Oanpakke, yn de keamer sette en meikomme do, ik ha noch mear doazen.’ Rabber Roatsje, sa’t syn bynamme wie by ús op it doarp, kaam altiten fuortdaliks ta de saak. Dat wie ien fan syn kernkwaliteiten. En as er sa koartôf wie, dan koest foarearst better mar gjin fragen stelle. Wylst ik de swiere doaze yn de keamer sette en dêrnei myn túnklompen ûnder út de meterkast fiske, lûke Roatsje de twadde doar fan de swarte Opel Vivaro fierder iepen en ferdwûn yn de bestelwein. Ik seach dat er de auto fol hie mei doazen. It kaam der op del dat wy úteinlik sa’n tsien fan dy grouwe doazen it hûs yndroegen en fierders twa noch gruttere doazen fan sa’n meter yn it fjouwerkant.

‘Hast de kofje al brún?’
‘Ja, mar ik moat de molke noch opskomje.’
‘Healwize fratsen, foar my hoecht dat net. Wachtsje dêr noch eefkes mei, litte wy earst dizze doazen nei boppen ta bringe, út it sicht fan it minskdom.’ Wy regelen it sa dat Roatsje de doazen ien trep omheech sjoude en dat ik se dêrnei oppakte om se noch in trep heger op de souderkeamer te setten.
Ik wie nijsgjirrich as in hûn nei al dit geheimsinnichs, mar mei Roatsje moast it geduld hawwe fan in fisker op jierren. Werom yn de keamer anneks iepen keuken fertelde ik skomjendewei dat de mage wat fan streek wie en dat filterkofje mei beltsjemolke hartstikke sûn wie en dat ik meikoarten der wer in pakesizzer by ha soe, mar ik wist ek wol dat Roatsje no net bepaald te wachtsjen siet op myn jeuzelpraat. Roatsje wie gjin dwaas dy’t foar dweilstik brûkt wurde woe, krekt dêrom wie er ûnder mear sekretaris fan de Kommisje Stikum, it platfoarm fan fraksjefoarsitters yn de Twadde Keamer, dy’t it tafersjoch hâldt oer de geheime tsjinsten fan ús lân.
‘Smakket dy myn kofje net of moatst pisje, Roatsje?’
‘Jonge, de need yn dit lân is hartstikke heech. En do, do sitst de godgânske dei mei kâlde kofje tusken de wurdboeken achter dyn laptopke. It lân leit der striemin by en do beskriuwst inkeld ûnbenullichheden. Dan ha ik, freon, in fraach foar dy: wat tinksto is de grutste bedriging fan dizze tiid?’
‘It minne ûnderwiis yn it Frysk? De trekkeraksjes fan de boeren? De klimaatfanatisi fan Extinction Rebellion? It fersakjen fan de feangrûnen of de mûzen yn de greiden? It heger wurden fan de seespegel? Trump? Brekshit? De Sjinezen? Erdogan? Isis? De faksisten? De populisten? De techreuzen? De rike stjonkerts? De ynkompetinsje en de korrupsje fan ús allegearre? It mobyltsjebellen op de fyts? Moat ik trochgean?’
‘Grapjager. Wês ris serieus en kom mei echte problemen, net mei de symptomen.’
‘Wat hawwe wy noch mear? Ammoniak, nitraten en de PFAS? De djoere wenningen? It goedkeape fleis? It agressyf-passyf gedrach fan ús allegearre? De opiatenkrisis? De elite yn dit lân? De tekoarten oan personiel oeral yn it rûn? De psychiatryske pasjinten yn de strjitten? Me#Too, of de pensjoenkrisis? De babyboomers? De maffiapraktiken ûnder en boppe it meanfjild? Religy of krekt de ûnttstjerkliking? It bestjoer yn it algemien en it regear dêr yn De Haach yn it bysûnder?’

‘Hohâlde! Dêr seist wat! Ik bin part fan dat bestjoer, dat witst. Ien moat it dwaan. Yn dit lân moat ien de saak yn de gaten hâlde. Draaiende hâlde. Dat binne wy, de bestjoerders. Wy wurkje ús trije slagen yn it rûn om it alle minsken yn dit prachtich lân wat nei it sin te meitsjen, wat nea kin fansels en nea slachje sil. En wa kriget ivich en altiten de joker taskood? Wa hat yn de eagen fan boeren en boargers sawat alle problemen yn ús machtich lân feroarsake? En wa, tinksto, moat alle problemen ek wer oplosse? It leafst juster noch? No? Dat binne de bestjoerders en dat binne de politisy. It gesach. Dyn eigenste selskeazen gesach. En witst wat, it sit ús oant hjirre, dizze stank foar dank. En sil ik dy ris wat fertelle? Wy pikke it net langer! It krimmenearjen en it swartepytsjen fan alle minsken.’
‘Soa! Dus!? En wat no? Hoe tinke jimme dit oan te pakken?’ Sjochst wol, ik bin better yn it stellen fan fragen as yn it beäntwurdzjen.
‘Wy trekke de stekker derút!’
‘Jimme trekke de stekker derút… Wa is ‘jimme’ en hoe moat ik my dat yntinke, Roatsje?’ Ynienen wie der tusken ús in sjansjemint yn paradigma’s.
‘Dat sis ik! Wy, it gesach, wy trekke meikoarten deagewoan de stekker der út. De minsken moatte harren sels mar ris in skoft rêde.’
‘Dizze doazen boppe, Roatsje, dy tolve doazen. Wat sit dêr yn?’
‘Dat sil ik dy sizze, mynhear de blokjesskriuwer. Meikoarten en oer net al te lange tiid giet it hiele gesach op alle nivo’s yn algemiene nasjonale staking. Wy draaie in pear knoppen om en dan hat it hiele lân dagenlang gjin stroom mear. Nientenunca nulkommanul. En sykje it dan mar ris út sûnder bestjoer en sûnder gesach, sûnder wetter en sûnder ljocht, sûnder plysje en sûnder brânwacht, sûnder 112 en sûnder kompjûter, sûnder Netfliks en sûnder it sjoernaal, yn de kjeld en yn de rein en benammen yn it tsjuster, hielendal allinne yn in aaklik kâlde mienskip sûnder mededoagen en kompassy want it rjocht fan de sterkste haha. Sykje it dan moai mar sels út, lekker duh, lekker duh hahahaHAHAHA.’

‘Roatsje! Roatsje! Bist no hielendal kranksinnich? Wat sit der yn de doazen, Roatsje?’
‘Kinst der net mear langer ûnderwei, jonge. Silst opkomme moatte foar dyn eigen boeltsje. Silst fjochtsje moatte foar dyn liif en libben en foar wat noch überhaupt in takomst wêze kin foar dyn âlde en splinternije pakesizzers. Fjochtsje silsto, jonge, fjochtsje mei dyn klompen yn de modder en it bloed oan de hannen.’
‘Roatsje! Wat sit der bliksem yn dy doazen! Gewearen, pistoalen? Roatsje? Sitten bliuwe, blinders!’
‘Ik moat op hûs oan, jonge. Betanke foar de kofje. De groetnis oan alle pakesizzers. En dyn iennige opsje mei dizze foarkennis fan saken is om as de bliksem te hanneljen en stikem te hamsterjen. Asto noch in kâns meitsje wolst yn de drege tiden dy’t komme sille.’
‘Roatsje! Wat sit der yn dy doazen, ferdikkeme!’
‘In mooglikheid om te oerlibjen. As dat slagget, dan hast einlings wat sinnichs om te skriuwen. Oant sjen.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *