Wêrom lêze jo…?

‘Wêr giet dat boek oer?’ frege it famke fan in jier of fyftjin, nêst my yn it fleantúch op wei nei Skiphol. Wy sieten tegearre al in setsje noflik Frysk te praten, it iis wie brutsen en no hie se genôch moed fette om my wat te freegjen. Sels hie se in Nicci French boek by har. Machtich moai en spannend, hie se my ferteld, mar se moast de kop der wol byhâlde en dat foel de ôfrûne wike net ta, op fakânsje mei har hiele famylje yn Spanje. Ik liet it omslach fan myn boek sjen, Go set a Watchman, fan Harper Lee.

‘It giet oer in jonge frou dy’t in poas wurke hat yn New York, mar no werom nei hûs en heit ta giet, yn it djippe suden fan Alabama. It boek spilet him lang lyn ôf, de fyftiger jierren. De frou is modern en liberaal fan opfettingen, mar hat heit, Atticus Finch hjit er, in advokaat, is in typysk blanke rasist fan dy tiid, aardich konservativer en hiel wat bekrompener as se tocht hie. Dêr hat se no, as min ofte mear frijfochten jongedame, gâns muoite mei.
Ik moat dy sizze dat ik mei dit boek de kop der ek behoarlik byhâlde moat. Dizze fakânsje bin ik der trije kear oan begûn en sjoch, ik bin noch lang net op de helte. Ik fyn it boek ûnlykwichtich en betiizjend, rommelich.’
‘Rommelich? Wêrom lêze jo it dan?’ Dat wie in goede fraach.

‘Dizze frou hat mar twa boeken skreaun. Har oare boek wie hartstikke goed. Dat is sels ien fan de wichtichste boeken yn de Amerikaanske literatuer en yn de skiednis fan rassediskriminaasje dêr. Ik wol dit boek lêze om’t sy wat te meitsjen hat mei myn skoaltiid, doe’t ik sawat like âld wie as dy.’
Ynienen fielde ik my in âldman dy’t neat oars kin as eamelje oer in foarby libben. Krekt as dit knappe famke dat nedich hie. Mar ik koe my net mear stilhâlde. It wie wat.

‘Twadde of tredde klasse Mulo, om 1967 hinne, wy hiene in wurkwike yn it foarmingssintrum fan de Woodbrookers yn Koartehimmen. Fan dy wike kin ik my noch twa dingen heuge: wy sieten yn in kring en de foarmingslieder rigele by it begjin al ús efternammen oan inoar om der in yntrodusearjend ferhaaltsje fan te meitsjen én wy seagen de film To kill A Mockingbird. In hiel ferneamde film nei it oare boek fan dizze Harper Lee. Dy film hat doe in ferpletterjende yndruk op my makke. Ik woe echt dêrnei de wrâld yn om dy te rêden, earme stumpers helpe, ek advokaat wurde of ûntwikkelingshelp dwaan, alle ûnrjocht te liif gean.

Harper Lee hat earst dit boek skreaun, Go set a Watchman, yn 1956 of sa. De útjouwer fûn it doetiids net goed genôch en advisearre har om it as basis foar in oar boek te brûken. Dat is úteinlik To kill a Mockingbird wurden, mei diels deselde karakters tweintich jier jonger en ek deselde tematyk, mar in folslein oar boek, safolle deegliker en dramatysker. Se hat der mear as tweintich jier oer dien om dat boek te skriuwen, se wraksele mei elk wurd en alle sinnen. Der wurdt wol beweard dat it boek net troch har, mar troch har buorjonge en skoalfreon Truman Capote skreaun is, al sa’n ikoan yn de Amerikaanske literatuer. Ik soe it net witte en it is eins fan gjin belang.

Dy heit, dy Attica Finch, is yn dit boek, dat pas in pear jier lyn publisearre is, in rasist. Mar troch dat oare boek, To Kill a Mockingbird, waard er yn de sechtiger jierren in symboal fan it nije, it frije Amearika as suksesfol advokaat fan in swarte jongen dy’t sûnder grûn beskuldige wurdt fan mishanneling en ferkrêfting fan in blank famke. Earst, yn it iene boek, in held om’t er earlik en ynteger is, en dan yn it twadde boek -dat it earst skreaun is-, in rasist om’t er nettsjinsteande himsels in produkt bleau fan syn tiid en fermidden. Sjochst mar wer, neat is wat it liket. Kinne wy ús wier frijmeitsje fan dat wat ús fêsthâldt? En wolle wy dat? Dat is wat ik sykje yn dit boek.

Witst, ik lês om de wrâld te begripen. En och, ik skriuw ek wolris wat, dat is in bytsje besykje om myn libben noch in stim te jaan. Skriuwsto wol ris?’

Harper Lee: Go set a Watchman, HarperCollins, ISBN  978 0 06 240985 0

Hear HJIR in fraachpetear mei Harper Lee (1964)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *