Wilfred Owen: Dulce et decorum est

Dûbelfâldich brutsen, as skeinde stumpers yn fodden,
tenein en bloed hoastjend ferdommeflokten wy troch it slyk,
oant de hellefakkels ús werom dreaune
en wy nei ús nêst weromsjokten, om lyk.
Wy slieprûnen. In soad sûnder learzens,
mar stroffelden troch, bluodrich. Mank en blyn wiene wy;
dwyl fan wurgens, dôf, sels foar it fluitsjen
fan de gasgranaten tichtby achter ús.

Gas! GAS! Maskers út! In panysk griemen,
dy ferrekte maskers krekt op ’e tiid foar de snút.
Mar der is ien dy’t gjalpet. Hy slingeret en dûkelet ûnderút
as saaide hy yn flammen of in gat mei kalk. –
Troch de besleine glêzen sjoch ik hoe’t er sinkt,
djip wei, yn in griene slimesee, hoe’t er ferdrinkt.

Alle nachten en yn al myn dreamen sjoch ik hoe’t er
spuit en stikt yn drits en modder, hoe’t er my temjitte
wrakselet. En ik sjoch machtleas ta oant er útwrotten is.

As nachtmerjes dy ride, soe it samar wêze kinne
datsto ek achter dy karre rinst dêr’t wy syn lyk opsmiten.
Dan soest syn útprotsjende eagen draaien sjen,
yn dy kadaverkop, ferwrongen, oanfretten;
dan soest by alle hulten en bulten it geguorrel hearde
fan syn bloed, opbrobbeljen út skombedoarne longen,
sa bitter as kapotprûmke kwit,
parse út net te heeljen swolmen op ûnbedoarne bernetongen –

Myn freon, no net en nea net soesto gruttich en apert
fertelle oan jonges dy’t langje nei wat ferwezen rop of rom,
fan de âlde leagen, dy âlde leagen dat it goed is, en earfol,
te stjerren foar in heitelân.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *