Yn it ljocht fan dyn dea

Hielke, foar dyn hûndertste stjerdei woe ik noch ien kear werom. Ien lêste kear, want do en dyn oarloch moatte my net folle langer noch sa oer it mêd komme.

It is sawat in heal jier lyn dat ik dyn grêf poer tafallich seach, hjir foaroan op it Amerikaansk militêr tsjerkhôf yn Bony, Noard-Frankryk: Hielke Hylkema, 3 juny 1918. De namme, dat die it. Ik ha war dien om wat oer dy te witten te kommen, mar folle hat dat net opsmiten. Berne yn Idaard om 1899 hinne en sneuvele by Cantigny, hjir in tachtich kilometer nei it súdwesten op. Krekt as Idaard mei it kreaze tsjerkje leit Cantigny mei syn neonkroechje der tsjintwurdich stil en freedsum by. Ik ha der juster west: in buorskip fan neat, op in hichte fan neat. Mar wol trije tinkstiennen, hè. De ymposantste foar de generaals, de lytste foar it fuotfolk en de meast fersutere foar de sneuvele Frânsen fan it doarp. Mei de ûnûntkombere teksten: Semper Paratus op de beide fan dyn kompanjy, Pour la Gloire de la Patrie op dy fan de Frânsen. Wat in waansin.

Ik mei dan net folle mear witte oer dy, Hielke, mar troch dy bin ik wol wat wizer wurden. Sa learde ik wat oer de bestimming en betsjutting fan rituelen. Nim no dit hantsjefol ierde, meinommen út Idaard, dat my te dwaan stiet om hjir hjoed út te struien. Op himsels in hanneling fan neat, mar it jout stal oan eat dat ik mar slim ûnder wurden bringe kin.
Sa learde ik wat oer de masjinaasjes fan de polityk, de koartsichtichheid en de ynkompetinsje fan ofsieren en de minachting foar it yndividu.
Sa learde ik de besieling fan muzyk kennen. It War Requiem fan Benjamin Britten, dat my alle kearen wer oangrypt.
Sa learde ik de war poets kennen. Wilfred Owen, Anthem for Doomed Youth:
What passing-bells for these who die as cattle?
Only the monstrous anger of the guns.
Only the stuttering rifles’ rapid rattle
Can patter out their hasty orisons.

Ik seach oare tsjerkhôven hjir yn de omkriten en yn België. Ik learde oer al jimme ferskrikkingen, de waansin fan kriich, ik ûnderfûn de net te beneamen ûnsachlikheid fan dit alles. Wat in propke is in minsk as er foar it ûnbeneambere stiet.
Sa tocht ik sels in amerij de tsjustere machten fan God te fielen.
Sa learde ik wat oer de betreklikens fan myn oertsjûgingen.
Sa seach ik yn it ljocht fan dyn dea, Hielke, it skaad fan myn libben.

Do leist hjir noch wol eefkes. Mei dyn grêf op dit earefjild hasto in werklikheid dat dan wol net ivich wêze sil mar dochs bestindiger is as dy fan de measte deaden. It is mooglik dat oer in hûndert jier wer immen út Fryslân poer tafallich dyn namme hjir lêst en him ôffreget wa dy Hielke Hylkema wie en hoe it komt dat er hjir leit. Wa dy Hielke Hylkema wêze kind hie as er hûndert jier letter yn Idaard berne wie. Soldaat yn Mali bygelyks.

(Sjoch mooglik ek: De Grutte Oarloch en soldaat Hielke Hylkema, op dizze blog, dd 12 jannewaris 2018)

Foar mear ynformaasje oer Hielke Hylkema, sjoch HJIR.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *