Yn wêzen it gat

‘No snap ik wêrom ús heit, de Vietnamveteraan, neat fertelle koe oer syn ûnderfinings dêr yn de djipten fan de tunnels. No snap ik wêrom minsken net prate wolle, harren nea net uterje kinne oer the hole in their soul, the road to hell and beyond. No’t ik stadichoan út myn swiere depresje omheech krûp wol ik der eins ek net oer prate. Ik doar it net. Bin bang. Mar fan myn shrink moat ik it fan my ôfskriuwe. Nei dy ta sil ik ris wat besykje. Mar jonge, do silst it gat fan myn wêzen en de djipten fan myn wanhope nea fiele. It frette my fan binnen wei út.

Ik bin neat, ik bin lytser as in mychhimmel, lytser noch as neat. Swart, pikketsjuster, mei de gerdinen ticht op bêd, oeren lang ha ik de eagen net iepen. Ha ik slept? Ik leau it wol, mar yn de helletiid fan myn hallusinaasjes bestiet de wierheid en alles wat wichtich is út neat oars as de absolute wissichheid dat ik neat bin en neat kin en dat it nea oars wêze sil. Alles is om ’e nocht, myn libben en myn wêzen, myn persoan hat gjin sin en gjin betsjutting, ik stel gjin reet foar. Ik ha nea wat west en sil nea wat wurde. De dea, ja de dea, ûnder yn it gat leit it ein, dêr moat ik wêze, mar ik kin der net komme, ik sjoch it net. It tsjuster hâldt my tsjin, myn skaad hat my beetkrigen, de stimmen hawwe it foar it sizzen, litte my net los.

Ik draai rûntsjes sûnder ein. Ik bin stjerrende kâld allinne yn in inketswarte grot, ik sjoch neat, neat sjoch ik, alles is swart. Hoe kom ik hjir ea wer út? Ik fiel de stienrots rjochts fan my en ik rin en ik betaast mei myn fingers de rots. Ik rin, nachten lang rin ik. Ik wit dat ik rûntsjes draai. Rjochts en rjochts en dan wer rjochts en nochris rjochts. Sirkels. It hâldt net op. De stien fan dy rots is it iennige wat ik ha. It iennige wat ik fiel. Snapst it? Kinst it net snappe! Dy rots kin ik net loslitte, want dat dan bin ik hielendal ferlern. Net loslitte. Kontakt hâlde. Rûntsjes rinne. Allinne. En de lûden fan de stilte, de wurden fan it ûnthâld, it sûzjen yn en troch en bûten de earen, de leechte en de knettergekke klieme kjeld fan it allinnich wêzen. Och jonge, dat sit sa djip, sa heech en djip, dwers troch alles hinne bin ik allinne, lyts as in mychhimmel, lytser noch.

Dan tinkst dy dea, de dea, de deadedea. Beskamsumens. It lyts wêzen en lytser wurden. Lytser as lyts en neat mear as dat. De leechte om my hinne, ik kom der net trochhinne. In leechte fol mei neat, kinst it net begripe. Snapst it net. It kin net en dochs is soks sa klear as wat, yn dat tsjuster dat swier sa swier sa swier om en oer my hinne leit. En wurch bin ik, sa ferskriklik wurch. It ûnwersteanberens fan de middelpuntsykjende swiertekrêft lûkt my ûnderút en alles docht my sear. It trochslokken fan wat wetter is sa slim as it leechdrinken fan in swimbad. De earmen lizze my as mûnestiennen oan de skouders, de fuotten steane fêstbakke yn semint, de herte joekelet my alle kanten op en dei yn dei út bin ik sa ferdomd allinnich en der komt mar gjin ein oan.

Koe ik mar skrieme, koe ik mar gûle, koe ik mar prate, koe ik mar wêze. Dy ferrekte wrâld, ik wol der neat fan witte. De dwaasheden fan oaren, ik wol it net witte, lykas de minsken neat fan my witte wolle. Dat alles kin ik der net ek nochris by hawwe. It snotterjen en it geëamel. Wat is noch wichtich as neat der ta docht?

Sa draai ik myn rûntsjes. Ik pikerje en it pikerjen hâldt net op, giet mar troch. Ik draai my sels fierder de put yn. En no fregest my hoe’t ik der wer útkaam bin. Piltsjes en God, an unbeatable combination. Ik ha God yn myn wêzen fûn, dêr yn it wêzen fan myn gat fûn ik God. Tink ik. Foar’t sa lang it duorje sil. As ik mysels ferlieze kin, kin ik God ek ferlieze. Samar, fan de iene op de oare dei. Yn wêzen binne wy net mear as in flinterknip, jonge. Mear net, perfoarst net mear. Mar op dat iene momint moatst der wêze, yn de gloarje fan dyn momint. En ik wie der net. Jammer dan. Dat is wat ik leard ha. En fierders wol ik der neat oer sizze.’

Een gedachte over “Yn wêzen it gat

  1. foar Lomme Schokker

    Depresje

    Ik kin
    it rotsblok
    net loslitte

    Myn hân soe
    it kinne mar
    de holle wol
    net

    De mûle
    fergriemt wer
    in wurd dat ik
    sis

    It gat
    yn myn wêzen
    De tiid dy’t
    my útfret

    Wat swart-
    wyt en griis is
    it rotsblok dat
    stiet

    Kin ik net loslitte
    om’t it is
    wat ik
    mis

    Remco Kuiper

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *