Jean is al wer tritich jier werom yn Brabân, yn it doarp dêr’t syn heit lyk nei de oarloch in populêre KVP-wethâlder wie. Sofie bleau efter yn Amsterdam, tsjintwurdich hat er Marlies dy’t foar him itensiedt en foar it oare him meastentiids gewurde lit. Dêrom steane der twa BSA motorblokken yn de wenkeamer, efter yn de tún stiet in jûkel fan in garaazje mei trije Harleys fan foar de oarloch en in Volvo Amazon Combi út 1965, dat er de lêste fyftjin jier as projekt mei iepen ein tusken de bedriuwen troch sels persoanlik revisearre hat. Neffens him sitte der op ’e roai mear as 20.000 oeren yn.
Jean is sa’n-ien dy’t bygelyks it prinsipe fan in fersnellingsbak mei overdrive sa simpel útlizze kin dat ik net inkeld it idee ha dat ik it snap, mar sels dat ik sa’n putsje ek maklik folbringe kinne soe. ‘Moatst gewoan de tiid nimme en logysk neitinke. As it net slagget, op ’e nij begjinne’. In wike lyn hat er mei dy auto op in iendeisfergunning nei it RDW yn Den Bosch ta west. It is in ferhaal apart hoe’t er dêr in dei lang stomprûn op út de noazen frettende amtners, mar it einresultaat is wol degelik dat er sûnt woansdei einlings mei syn Volvo P221 wetlik de dyk út kin.
Marlies hat sa har eigen hobbys. Neist itensiede, pianolessen, it foarsitterskip fan it sjongkoar, alles witte wolle fan Hermans, Reve en Mulisch, it coachen fan froulju dy’t fêst rinne yn baan of relaasje, it sammeljen fan porslein, har grientetún en it skriuwen oer art nouveau hat se ek om de trije moanne in gearkomste fan har filosofyclub. De ien nei lêste skriuwer-filosoof dy’t it groepke noch foar de simmerfakânsje besprutsen hat is der ien dy’t oertsjûgjend skriuwt oer de foardielen fan it kuierjen op de nochteren mage. No falt Jean syn sûnens net ûnder Marlies har belied fan it is my wol bêst mei dy: heech of leech kin er springe, mar meirinne moat er. Sa’n trije kertier yn in pittich tempo -inkeldris fiif minuten minder by reinich waar-, en it is Marlies wol tafertroud dat se alle dagen fan de wike om en troch it doarp in oare rûte nimme .
Dat sa komme se ien kear yn de wike troch de Trompstrjitte en dan wiist Marlies eltse kear Jean wer op de blinders moaie artdeco foardoar op nûmer njoggen, in doar dy’t yn har eagen sûnder mis de moaiste foardoar fan it doarp wêze moat. Heakse linen, glês-yn-lead, de moaiste tierelantijntsjes, steatlik donkerblau fan kleur, orizjineel koperbeslach, fiif bewurke traaljes foar in nei binnendraaiend rútsje op eachhichte; foar Marlies is dy moarnsdoar tongersdeis likernôch it hichtepunt fan de dei.
Fan ’e wike hinget der op nûmer njoggen samar in Gammagefal fan trettjin yn in dozyn yn it kezyn en leit de âlde prachtige foardoar as weismiten smoarchte plat yn it gers. Marlies sjocht Jean oan, Jean sjocht Marlies oan; hûndertfyftich euro maks sizze se tsjin inoar, en sûnder fierder gedoch rinne se nei de saaie donkergrize doar en skilje oan. Marlies freget de jongkeardel mei tatoeaazjes op de ûnderearms wat er fan doel is mei dy prachtige âlde foardoar, wiswier de moaiste foardoar fan hiel it doarp. Dat âld kring, seit dy fint, dat domme ding kinne jimme foar twa tientsjes meinimme, leaver hjoed as moarn. De hân derop, seit Jean yn syn gemoedlik Brabânske tongfal en fûstket de man wol sa stevich dat dy syn tatoeaazjes automatysk ta libben komme.
Se rinne streekrjocht nei hûs. Marlies wol ha dat Jean fuortdaliks mei de Volvo op paad giet, mar Jean hat, lykas alle moarns, honger as in hynder en yn sokke gefallen is it Marlies dy’t heech of leech springe kin. Jean leit de efterbank fan syn Volvo foaroer en hat sa in platte laadbak fan krekt gjin twa meter. Eefkes letter steane se beide foar nûmer njoggen yn de Harry Trompstrjitte. Tegearre tôgje se de swiere massive doar de auto yn. It stekt tweintich sintimeter út, mar it is in Volvo, hein, de efterdoar bestiet út in ûnder- en in boppeflap. Op wei nei hûs, noch gjin twa minuten riden, blierket Marlies sa bliid as in bern en stjit mei har fûst tsjin Jean syn earm. Yes! ropt se, yes yes! Foar Jean is it dan oft dy 20.000 oeren krewearjen oan de auto mei dizze doar him al útbetelle hat.
Kreas stikje Lomme!
Moat it net Age Hylkes Trompstrjitte wêze?
No ja, better Trompstrjitte dan Trumpstrjitte..
Tige Tank, Eddy! Bedoelst dy fan de Wâldseiner Fersekering? Mar yn Schijndel is it in oare Tromp, soan fan Maarten. Fjouwerhûndert jier lyn wiene soannen fansels ek in soart fan fersekering.
Yn it soad lannen is hjoed-de-dei in soan noch altiten in soarte fan fersekering.