‘Jannes, ik sit op de Fryske Akademy foar Sjoernalistyk en myn earste opdracht foar it fak Nepnijs is om in sporter te befreegjen. Maklik begjinne, sei Abe, ús dosint. Myn earste fraach moat dan wol wêze hoe’t it dy foldocht, dêr yn de himel.’
‘No ja, hjir is noch hyltyd gjin bier, mar nei mear as tweintich jier is it himeljen sels foar my wol wat better wurden.’
‘Hoe dat sa, wurdst tsjintwurdich sponsore troch dy Boalserter brouwerij, Us Heit?’
‘Nee, dat net, mar koartlyn kaam ik einlings yn de sânde himel en dat is yn dizze omkriten wol moai de heechste rating. Yn de earste seis komst allinnich mar silligen tsjin dy’t mei harren siel ûnder de earm rinne. Mar hjir yn de hichte sitte myn sielsibben: BN’ers fan de telefyzje, helden, ikoanen, ferrinnewearre goaden en in hiel soad hillige silligen. Of sillige hilligen, dêr wol ik ôf wêze.’
‘Hoe hast dat foarinoar krigen, dy promoasje?’
‘Ien of oare malloat hat in enkête útskreaun oer wa’t de grutste cultheld is yn de Nederlânske sportskiednis.’
‘Dat wie myn dosint. Hy hat publikaasjeplicht, dan moat er wat. En de winner fan dy enkête wie… Jannes van der Wal fan Tsjalbert!’
‘Mei grutte foarsprong!’
‘En hoe fielt soks?… Jannes? Hoe fielt soks??… Eehhh, Jannes? Joust de rún noch wol ris in raam?… De rún! De rún, Jannes. Hast dy noch wol ris in raam jûn?… Damje, witst wol?… Dammest noch, damnit!!… Jannes???…’
‘Nim my net kwea-ôf, by in gefoelsfraach klap ik hyltyd ticht. No bin ik wer by de les. Ja hear, ik damje noch withoefaak. Oan de ein fan myn libben hie ik oars skjin myn nocht fan it damjen, al dy ferrekte remizes. Ik ha doe noch in skoftsje oan it bridgen west, mar ik koe net twastimmich sjonge yn in spantsje en der wiene ek fierstente folle tutsjemuois mei botoxboarsten om my hinne. Mar doe dat skaken, ja, dêr hie ik ek wol in soad nocht oan.’
‘Damjen én skaken, Jannes, akkordearret dat wat mei elkoar?’
‘No, moatst sa tinke, damjen is arbeidzjen, skaken is in aardichheidsje. Damjen is folksk, skaken feodaal. Damjen is folle dreger.
‘Krijst noait genôch fan dat damjen en skaken dêrboppe?’
‘Och man, hâld op. It is alle dagen wer feest. Ik kaam lêsten Philidor noch tsjin, oare kant de Elyzeeske fjilden. Machtich moai dêr. Yn Redbads tiid waarden dat de ivige jachtfjilden neamd, mar ja, jachtsjen en streupen binne al sûnt goadeheugenis yn de ban rekke. Rink van der Velde, dy âld murdejeier, hat noch in petysje skreaun dat it net raarder wurde moast. Mar dat hat gjin fertuten dien by de Baas. En hy kin skriuwe, dy Rink.’
‘Koe.’
‘Kin! Sjoch, dû kinst wol op sa’n akademy sitte en in stúdzje meitsje fan it eartiids en notiids oer al it ûngeregeld sportguod, mar hjir sit it sjesa dat alles yninoar oerfloeit. Hjir is gjin folsleine doe-dantiid: de tiid hâldt hjir ivich skoft. Wy dogge hjir alles tagelyk en mei inoarren en troch inoarren hinne. Ik spylje mei Philidor: hy skaakt, ik damje en it makket gjin sprút út.’
‘Jannes, ik wol dit fraachpetear ta in ein bringe en dy noch ien ding freegje. Us heit is stoarn en dy mocht wol sa ferhipte graach damje. Ast him tsjinkomst, soest dan ris in kear mei him damje wolle?’
‘Fansels, jong. En witst wat? Yn de himel binne gjin winners en ferliezers. Hjir twifelest nea net, kinst gjin fouten meitsje, de iene is net better as de oare. Jim heit kin by ús op it heechste nivo in grut tal prachtige partijen tagelyk spylje dy’t withoelang duorje kinne en it is hyltyd remize. It giet hjir om it wêzen, om duorsumens, net om it wurden of de moaiskyn fan it bedroch. Skriuw dêr mar ris oer.’
Eartiids ha ik soad damme en ek goed. As jonkje fan 14 damme ik al tsjin Jannes. Wy wiene like âld. Jannes wie in aardige jonge en doe’t ik in kear siik wie kaam er op ‘e fyts út Tsjalbert by ús lâns yn Langwar om my in sinesappel te bringen. Op myn achttjinde bin ik einliks al stoppe my damjen op nivo. It duorre my fiersten te lang. Jannes syn karriêre ha ik altiten wol folge. Ik leau dat er 38 wie doet er ferstoar. Leukemy. It wie in klap foar de damwrald. Jannes hie in grut gefoel foar humor. Om jo stikje hie der ek hurd lake.
Tankje foar de reaksje!