Der stiet dizze wike op wei nei Athene in kapotte en no ôfskreaune bus te rustkjen lâns de Autobahn. Dy bus hat gjin bestimming mear want it doel is fuort. De flechtlingen yn de Grykske opfangkampen kinne en meie en sille en moatte ús kant perfoarst net op. Sa hawwe de hegere goaden, it needlot en in hoemannichte bestjoerders mienskiplik beskikt. Dy flechtlingen ferkommerje dêrjinsen mar moai, hiene se mar net flechtsje moatten. Wir haben es nicht geschafft.
Mar dêr stiet dus earne in stikken autobus. Kinne wy wat mei dat feit? Jawis! Wy sette dy gammele bus op de trailer fan omke Bertus en helje him, de bus dus, foar neat dizze kant út. Ik wit yn Jonkerslân in betûfte lettersetter anneks standbouwer dy’t foar in skaplik priiske de bus fan binnen wol oanpasse kin -banken derút, boekekasten en in kofje- en teehoeke deryn- en dy’t fan bûten de bus gaadlik opfleurje kin mei fotofolie fan de nijsgjirrichste boekekaften. Boeken fan Fryslân! By Steven Sterk op de Gerdyk sammelje wy alle Fryske boeken út syn ûnbidige ramsjfoarrie en sjoch ús fleanen, wy hawwe de weropstanning fan de provinsjale boekebus. Op in trailer as metafoar.
Mei dy bus, nee, mei dy trailer ride de Skriuwersbounleden, alle 484, ferplicht om beurten alle dagen de merken yn Fryslân ôf. Nei in moanne of fjouwer hawwe wy alle himrikken, om- en útbuorren wol hân en begjinne wer gâns fan foaren ôf oan. Of wy steane op Oerol. Of op sa’n iepenloftkonsert yn de Overtún op It Wâld. Kultuermanifestaasjes binne fan alle tiden en ek it takom jier by it soad. Overload.
Dy iene dei yn de fjouwer jier dat de hegerein yn it provinsjehûs peteart oer de takomst fan de Fryske kultuer stiet ús trailer mei opbou fansels ek tsjin it politburo oer. Foar’t safier ik wit wenje der yn Amsterdam der ek in pear skerpe Fryske skriuwers, dy kinne de boekebus dêr hinne helje. Binne der Fryske skriuwers yn De Haach en omkriten? Melde jimme!
Gjin subsydzjes! Dit moatte wy as Skriuwers ûnder inoar sels regelje. As it moat troch de wei fan cloudfunding. En as dat net slagget, crowdfunding. It iennige dat wy de gemeentlike oerheden fersykje is tastimming om mei aardich wat konsideraasje de trailerbus op of by in merk te pleatsen. Troch hiel Fryslân hinne. Wy Skriuwers sykje de potinsjele Fryske lêzers op. Wy nûgje harren de bus yn. Wy skinke kofje en tee en se krije der in stik oranjekoeke by. Fergees. It Skriuwersboun hat genôch jild yn de ponge. Hokker Fries wol gjin fergees plakje oranjekoeke? Wy jouwe lektuer yn smeudige taal mei en ynformearje it publyk yngeand oer de tastân fan de hjoeddeiske Fryske literatuer. Oarsom kin ek.
En no wy it dochs hawwe oer de lek- en literatuer: fan ’e wike wie der samar út de Afûk wei ‘in oprop oan skriuwers om foarlêsferhalen, gedichtsjes en ferskes te skriuwen foar al wer de twadde ferzje fan It Grutte Foarlêsboek.’ Dat sil heve fansels, mar wêrom gjin (foar)lêsboek foar folwoeksenen? Ik ha fernommen dat der ferlet is fan moaie, hiel koarte ferhalen om de âlderein foar te lêzen. En dan wolle je wolris wat oars as alle kearen wer Rink van der Velde. Der moatte dochs aardige stikjes by de rûs wêze yn de Fryske skriuwerij om yn partsjes fan 500 oant 1000 wurden in ryk ferskaat oan proaza byinoar te prikkesykjen? Dêrom kommen jier: It Folwoeksen Foarlêsboek.