‘Is it de âlde dei? Sis it mar. In soad, en by tiden alles wat my net nei it sin is, fyn ik hoe langer hoe mear in saak fan neat. Hielendal neat! En dat lit ik tsjintwurdich hearre ek. Dêr móat ik dan wat fan sizze, witst wol? It liket oft der alle dagen mear spul en gedoch my allemachtich tsjinstiet en oangriist. Ik neam mar wat: iepenloft festivals, rapmuzyk, krimineel nijs, djoere moade, design dweperichheid, poehaskoppers, megalomane sensaasjeprojekten. Sa kin ik noch oeren trochgean. Wol ik dêr wat fan witte? Nee, dêr wol ik skjin neat fan witte! Soademiterje op mei dy trochnaaide boel.’
‘No, sa kin it wol wer, net? Sels ha ik snein nei Ljouwert ta west, en net allinne om der oer meiprate te kinnen.’
‘Dy reuzen en de minskemassa? Brek my de bek net iepen, man. Dat is dochs klearebare opium foar it fet en tierich folk, wol sa ôfgryslik jier nul! It hat folslein neat om de hakken! Oppoetst kommersjele heechdragendheid, foar twa miljoen daalders en noch in pear stoeren. Sirkus Semana Santa op syn Frysk. Watsei, der siet neffens my gjin sprút Frysk by. Moatst wol in hiel leech en minnich libben ha datsto foar dizze populistyske poppekast mei sa’n flutferhaal it hiele keleare ein nei Ljouwert ta giest. Moai datst op it ein gjin kant mear op koest op in grôtfol stasjon fol nearzich nocht en bedoarne wille.’
‘Do sitst te swetsen as in hin sûnder kop. Der binne in hiel soad minsken, read my lips: IN HIEL SOAD, dy’t dit moai fine, dy’t dit wurdearje kinne, hjir bewûndering en respekt foar hawwe, dy’t hjir bysûnder bliid mei binne. En do moatst sa nedich alles ôfbrekke sûnder ferstân fan saken? Moast ris sjen hoefolle Friezen der oan mei dien hawwe. Dy’t har de neilen fan de teannen skrept hawwe. Swim de âlveststêdetocht sels mar ris yn trije dagen en prottelje dan pas. Meist der wat fan fine, jawis, mar do moatst net út dyn ivoaren toer wei der sa ferskriklik delheljend oer sitte te âljen, grumpy old man.’
‘No ja, sa tink ik der oer! En dêr mei ik wat fan sizze, of net dan? Wy wenje yn in frij lân, wy wol. Noch wol.’
‘No krije wy dát wer! Do hast in probleem, keardel. Witst wat dyn tekoart is? Dyn synisme. Synysk wêze, jonge, is de dea yn de doofpot. Wêrom makkest it dysels sa swier? Genietsje man, genietsje fan de wrâld om dy hinne, ek al is it dyn wrâld bytiden net mear. Der binne dochs genôch saken wêrt’sto bliid fan wurdst? Ik neam mar wat: dyn e-bike, âlde keunst, it moarntiidsljocht, frou, freonen en oare Friezen, bern en pakesizzers, piele mei taal en boeken, Verdi, Bach, Beethoven, As With Rosy fan Lorraine Lieberson. Sil ik sa noch oeren trochgean? Nije dingen, bygelyks! Eartiids woesto fan alles leare, woest fan alles witte. Wêr is dyn ferwûndering bleaun? Begjin no ris mei dysels. Wat hast leard yn dyn libben? Datst dy stilhâlde moatst oer alles datsto net kenst en sykje it út. Moatst it sels ûnderfine, dyn eigen wurden! Fierder sile op eigen kompas, blikstiender. Ast sa graach segrinich en lilk wêze wolst, krimmenearje dan foaral oer dysels, op dyn spoekerich bultsje yn dyn suterich bubbeltsje. Wês earst mar ris lilk op dyn yntellektuele maklikens, dyn skiterige ynberne loaiens, dyn brimstich koartsichtich elitêr betterwitten. Want dat is it, foeterje is belies jaan, de makkelikste wei. Foeterje is de eagen yn de bûse hâlde en de flakte besjen út in optyske yllúzje. Foeterje is in trip foar egosintryske leechharsens.’
‘No moatst eefkes nei dysels sjen, keutelmaatske splintersiker! Teminsten, ást noch wat sjochst mei dy spjalte balke yn de eagen.’
It giet my krekt sa. Ik haw al in pear jier it gefoel dat de wrâld om my hinne steeds fierder fan my ôf komt te stean. Ik gean eins ek net mear mei oare minsken om. Dat wol sizze net mear dan nedich. Ek minder problemen.
Wat op ‘e fyts (gjin e-bike) wat lêze (gjin literatuer, útsein jo stikjes fansels 🙂 wat skriuwe (gjin literatuer).
Fan ‘e simmer nei Tsjechje en Switserlân west. Prachtich. Yn oktober noch nei Cornwall en it jier sit der hast wer op. Bêst in moai libben, mar de wrâld om my hinne begripe, nee dat slagget net mear. Lit se mar. Net drok oer meitsje hear Schokker. Aanst dy tûzend euro opstrike en in moai reiske meitsje. De grutte poppen binne begjin oktober yn Liverpool…:-)
Eddy (as ik Jo dookje mei ûnderwylst), dit ha ik ek leard yn myn libben: it begjint by mysels. As ik sjagrinich en kritysk bin nei myn fermidden, dan krij ik krekt safolle sjagryn, krityk en oan de skouders lûken werom. Mar as ik fleurich en posityf bin, leaf en belangstellend, dan komt my minstens safolle blijens, fleurichheid en ynteresse wer temjitte. En om’t úteinlik myn libben ek mei my eindiget, besykje ik dochs mar om de wrâld wêr mooglik moedich te besjen. Fleurich wêze is oars wol in opjefte, it komt my net fansels. Libje mei Epictetus, as ik in Fryske blogger parafrasearje mei.