De Heit, de skriuwer, it boek en de oanhâldende fergonklikheid fan ús bestean

Jan Schokker syn nagelnijste boek hjit koart en bûnich De Heit en leit fan hjoed ôf oan op jo te wachtsjen yn de bettere boekhannel. Syn útjouwer hat my persoanlik ferteld dat sy it sels in geweldich boek fynt en dêr hat se fansels hielendal gelyk oan. Mar wêrom is dat sa? No, om te begjinnen leit it faaks al oan de koarte titel. Koarte titels binne de bêste. Sûnder omhaal seit it krekt wêr’t yn wêzen dit boek om giet. In ekstreem lange titel is ommers faak in teken fan ûnbeleardens of, noch slimmer, in pronksk idelteutsjen en dêr hat Jan Schokker, yn tsjinstelling ta syn ek wolris skriuwende twillingbroer, lokkich gjin lêst fan.

As dit in boekbesprek wêze soe, wie hjir net inkeld it ien en oar ferteld oer it prachtich plot en de nijsgjirrige ûntjouwing fan guon opmerklike karakters, mar ek hiele flappen bysûndere tekst oerskreaun. Hawar, sûnder dat Schokker it my mei safolle wurden dúdlik makke hat, wit ik dat hy soks net op priis steld. De lêzer moat it sels mar ûnderfine, leafst sa ûnbedimme en ûnbefongen mooglik. Goede waar priizget himsels.

De Heit dus as titel fan it boek. Of eins: ‘Ale Alema yn’ De heit. Is Ale de heit? As der in heit is binne der ek bern. En in mem. Hoe sit dat? Soe Ale dy heit wêze?
De omslach is dúdlik in skilderij fan eigen makkelij. Is Schokker no ek al oan it skilderjen? Wat hawwe dy autobannen der mei te dwaan, en dy heaharke? En foaral de Mona Lisa?

‘Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid..’ It liket wol oft de Ale yn dit boek, yn syn nije see fan lege tiid, losser libbet, him mear meidriuwe litte kin op ’e weagen fan “The Flow” fan syn bestean. Hy springt it avontûr yn, want wat soe him tsjinhâlde kinne? Sa dûkt Ale wyldzjend ûnder om wer boppe te kommen, wat wiser en in bytsje minder wilich. Der blykt dus noch libben te sitten yn âldman en nije wrâldboarger Ale Alema, dy’t ûntdekt hat dat er op syn tiid it byld fan syn eigen fergonklikens mei farske grûnferve wer oerskilderje kin. Mar ha ik it no oer Ale Alema of oer myn geweldige twillingbroer?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.