De yllúzje fan in mooglikheid

‘Wat moat dít no wer foarstelle, Lieuwe? It liket wol op in freeslik faginaal flomke dat it útraast fan de pine. En dy kop der neist, dat kin in bern wol tekene ha. Wat binne dit foar keunsten om my hjir hinne te fieren, dit is sûnde fan dyn jild en myn tiid. Ik ha it allegearre al besjoen. Kom op, nei de kantine foar in pilske.’
De jongfeint mei it learen jaske en merakelse blinkende kettingen om de polzen kin it net hielendal fine op de oersjoch útstalling fan keunstners fan de Frije Akademy yn Museum Belvédère.

De âldere man njonken him sjocht syn maat lilk oan. ‘Nee, do bliuwst hjir by my! Ik ha dy noch sa sein, geduld! Al is it ek noch sa, moast geduld en begryp opbringe, omtinken jaan. Nim dit houtreliëf fan Fleurie, sjoch dan ris wat in spanning der sit tusken dy skreau en it antlit fan dizze man. Dat wurdt as it ware fersterke troch it lytse kopke hjir rjochts wat dúdlik it skaad is fan dy gruttere holle dêr links. Piter, net fuortrinne! Sjoch dan. Sjoch dan hoe de kweageasten, de ûnmacht, de frustraasje hjir fan it hout spat! Fernimst dan net hoe’t it donker fjouwerkantsje links boppe as in swart gat dy beide persoanen yn alle iensumheid… Piter! Piter?’

Ik ha yn alle earlikens ek mear nocht oan de besikers as oan de krekt iepene útstalling oer it feroarjend keunstnerskip yn Fryslân oan it ein fan de tweintichste iuw. Ik dangelje dochs de hiele seal efkes troch, de eagen lit ik op syn heechst twa tellen oer elk keunststik gean. Dizze keunstners hawwe dagen, wiken de neilen fan de fingerseinen skrept om besieling mei hiel it hawwen en hâlden út te byldzjen, mar foar wa of foar wat? Poer allinne foar harren sels, net om stank foar tank te krijen fan sokke kloatsekken as Piter en ik. Mar ik ha maklik praten, ik rin hjir yn de skjinte en net yn de smoargens.

Hielendal efteryn, by de rjochter hoeke fan de seal, bliuw ik as út it lead slein stean. In abstrakt skilderij fan sa’n oardel meter breed en in lytse meter heech, ien, twa, trije… tsien horizontale blauwige banen yn de breedte. Ut in boppe-oansicht soe it in swimbad wêze kinne mei trije, fjouwer swimmers dy’t, foar it grutste part ûnder wetter, nei rjochts swimme. Rjochts boppe giele en readgiele strepen, as skynde der in ûndergeande sinne op it wetter. Lange útstrutsen klodden ljochtblauwe ferve foar it wetter, tsjokke klodden wyt-blauw foar it skom om de ûnsichtbere hollen en earmen en skonken. Ik bin grepen troch de suggestje fan beweging, fan ritme, fan fear en faasje en de yllúzje fan mooglik minsklike foarmen.

Ik sykje in bank tichtste by it skilderij en fiif minuten lang lit ik de kleuren, de weagen en de siel fan it skilderij yn my opwâlje. Ik bin ferbjustere, noch nea wie ik sa djip ûnder de yndruk fan keunst. In pear kear rin ik op it skilderij ta en gean dan wer sitten. Ik bin der suver oars fan! Wat soe ik dìt graach yn myn besit ha wolle, út klearebare begearigens, út eachweid, gewoanwei om te hawwen. Oare besikers rinne deun foar my lâns, sjogge it keunstwurk amper twa tellen hingjen. Hoe kin it dochs dat dy minsken dit wûnder foar myn eagen net gewaarwurde?

As ik it hiele belibjen genôch opsûge ha, notearje ik de namme fan de keunstner, Koen Meskers, en kin ik wat bekomme fan alle fjoer en flam mei in strak shot wisky yn it restaurant. Lieuwe siet der yn in tydskrift te blêdzjen, in healfol kopke kofje foar him op tafel en in lege stoel nêst him.
‘Mei ik hjir by jo oanskowe?’ Efter Lieuwe binne wol wat tafeltsjes frij mar dêr sit net safolle praat oan. ‘As ik freegje mei, wêr is jo jongfreon bleaun, dy man dy’t sa oanstutsen wie oer dizze tentoanstelling?’
‘Piter? Piter is al in skoftke nei efteren ta, ik tink dat er op it húske in lyntsje lûkt. It is in bêste jongen, sa no en dan, mar it sil no wol út wêze tusken ús.’ Lieuwe sjocht my hommels oan. ‘Jo witte wol hoe’t dat giet, tink, sa’n knaap, och sa’n knaap? Foar in pear sinten hast in amerij wat wille, tinkst myn libben en myn leafdes, och dat akkordearret noch wol, mar dan, of is it ek noch sa, docht wer bliken dat alles in hallusinaasje is, de hiele klearebinde.’
‘Ja, wat liket it libben dan op keunst net, yllúzjes fan opkomst en delgong. Ik bin it mei jo iens. Ik hearre niis dat jo o sa entûsjast wie oer dat iene houtreliëfke fan Fleurie Hoogeveen. Ik tocht, hjir praat in kenner, in ekspert!’
‘Ah nee ju, ik snap der de ballen net fan en fan dat keunstwurkje al hielendal net. Nee, fan Piter moat ik faak harkje nei rap en oare pineholle muzyk en of is it ek noch sa, ik krij der skele migrêne fan. Dat ik tocht ik nim dy mei, heite, nei wat fan hjoed-de-dei is en dan kinst tsjintwurdich net om dit museum hinne, of is it ek noch sa. Berneftich fansels, kabaratesk en sonneveldsk fansels, mar mei ik ek ris tarre op in goede grap? Ik kom hjir ien kear yn de moanne, hjir yn it Belvédère, en dan moat ik hieltyd efkes Jan Mankes syn beestkes opsykje. Kenne jo dy portretsjes? De sêftens, de leafde dy’t der út sprekt, man, dat is wol sa ynbannich. Ik kin my dêr alhiel by deljaan, of is it ek noch sa.’

‘No, dy kant fan it museum moat ik noch dwaan, mar ik hie earst ferlet fan in wisky.’
‘Ik sil se jo sjen litte, dy geitsjes, de puttertsjes, de lysters en de stikelbarchjes.’
‘En Piter?’
‘Piter? Piter is daliks sa high, dy fûgel fleant fansels op Ljouwert ta, of is it ek noch sa.’

De fêste kolleksje fan it museum is in iepenbiering foar my, mar Lieuwe nimt my fuortendaliks mei nei de romte mei Mankes syn skilderijtsjes. Fan al it prachtichs wat dêr te sjen is, treffe my de lânskippen it meast en dat fertel ik Lieuwe.
‘Dy binne my wat te ferstille, te grizich en te hjerstich en dan hast it moaiste noch net iens sjoen. Dat is it wurkje De Wâldsterwei, mar dêrfoar moatst hielendal nei Arnhim. Of hjir de doar út nei bûten ta, fansels, hjir tusken BenedenKnipe en it Wâld. Ik sei tsjin Thom, dat is Thom Mercuur, de oprjochter fan al dizze moaiïchheid, ik ken him him tige goed, ik sei Thom, Thom sis ik, dit museum is neat wurdich sûnder dat wurkje wat jinsen yn Arnhim hinget, of is it ek noch sa. Do keapest dat en oars wol ik it fannacht wol eefkes foar dy stelle, mar dat wurkje moat perfoarst hjir hinne komme. Nee Lieuwe, seit Thom, dat hinget dêr en dat hinget dêr wol goed. De wearde fan keunst leit yn wat wy sykje yn ússels. En no is Thom stoarn, al is it ek noch sa. Wêrom stjerre sokke minsken?’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.