Ferline wike kaam The New York Times mei in yngeand artikel oer hoe’t presidint Trump meidertiid syn fermogen garre hat. Trump hat gauris sein dat er selsmakke miljardêr is, sûnder in sint help fan syn heit. Net wier fansels, krekt as hast al it oare wat er alle dagen twaspjaltich twittert.
De âlden fan dizze koartkearige presidint wiene gjin earmoedlijers, se hawwe yn en nei harren libben mear as in miljard dollar oerhevele nei de bern. Doe’t Donald Trump noch mar trije jier wie ‘fertsjinne’ er al 300.000 Euro yn hjoeddeiske wearde út syn heit syn fêst goed bedriuw. Op syn achtste wie er miljonêr. Tusken syn fjirtichste en syn sechtichste barde hy alle jierren mear as fiif miljoen dollar út de saak fan syn heit. De presidint krige minstens 413 miljoen dollar en betelle hast suver neat oan belêsting. Trump hat withoefolle gokt en ferlern, is withoefaak yn fallisemint rekke en alle kearen wiene it de famyljepetunia dy’t him wer út de penaarje lutsen.
Wêrom fernuveret dit alles my net?
Syn heit wie in húskemelker fan komsa yn New York City, fan in gruttens en omfang wêr’t guon leden fan de Oranjes wiete dreamen fan krije. Trump senior wie in klearebare egosintryske kapitalist, sûnder in sprút konsideraasje mei oaren. Hy woe gjin swarte minsken yn syn wenningen ha.
Ien fan de minsken dy’t Trump senior doetiids (wy prate begjin fyftiger jierren) wol dea sjen koe wie nimmen oars as myn favorite sjonger Woody Guthrie. De skriuwer fan it werklike folksliet fan de Feriene Steaten, This Land is your Land. Guthrie wenne twa jier mei frou en trije bern yn in appartemint fan Trump senior en hat fan tichtby meimakke wat in smycht en glûpert dy Trump wie. En Guthrie soe Guthrie net wêze en meitsje der in song oer.
Mister Trump made a tramp out of me;
Mister Trump has made a tramp out of me;
Paid him alla my bonds and savin’s
To move into his Beach Haven;
Yes, Trump has made a tramp out of me.
Well, well, Trump, you made a tramp out of me;
Well, well, Trump, you made a tramp out of me;
You charge me so much it just ain’t human,
I’ve got to try to live with president Truman;
Yess, Trump, you made a tramp out of me.
It is sein dat it lietsje Old Man Trump ek fan Woody Guthrie is, mar dat liket net sa te wêzen.
It is ek sein dat Trump This Land is your Land him eigen meitsje wol as kampagnelied as er foar in twadde termyn opgiet. Guthrie soe him omdraaie yn syn grêf.
Och, wêr meitsje ik my drok om. Heit, dit is grûnsop foar grutbekken.
Foar in gearfetting fan it ûndersyk fan de New York Times, sjoch HJIR
Foar mear oer Guthrie en Trump, sjoch HJIR
Foar it lietsje Old Man Trump, hear HJIR
Foar ‘Der sit noch foar in kwartsje yn – 1′, lês myn blog fan 9 febrewaris 2018