Dit lân is ús lân (nei Woody Guthrie: This Land is your Land)

Dit lân is ús lân, dit lân is Fryslân
Fan Keale Dunen oant it Skylger eilân
Fan de griene wâlden oant de wide greiden
Dit lân leit klear foar my en foar dy

By it kuierjen seach ik in boerd stean
En op it boerd stie: ‘tagong ferbean’
Mar ommekant stie hielendal neat
Dy kant leit klear foar dy en foar my

Dit lân is ús lân, dit lân is Fryslân
Fan Keale Dunen oant it Skylger eilân
Fan de griene wâlden oant de wide greiden
Dit lân leit klear foar dy en foar my

Yn de skurte fan de tsjerke seach ik de bern
Yn hope wachtsjen, ik haw heit en mem
Bang freegjen heard en ik frege
Leit dit lân net klear foar dy en foar my?

O ik moast rinne myriaden paden
Want om my hinne swiere skamteskaden
mar sjoch dêr in skiere tsjerketoer
Dit lân leit klear foar my en foar dy

Dit lân is ús lân, dit lân is Fryslân
Fan Keale Dunen oant it Skylger eilân
Fan de griene wâlden oant de wide greiden
Dit lân leit klear foar my en foar dy

Gjin libbene siel hâldt ea my tsjin
As ik op frijheid myn takomst ynrin
Gjin libbene siel stjoert my hjir wei
Dit lân leit klear foar my en foar dy

As wy sitte te jûnjen yn frede doarmje
As de sinne skûlet en wy yn bede swaarmje
Wat in frijheidslibben yn barre tiden
Dit lân leit klear foar dy en foar my

Dit lân is ús lân, dit lân is Fryslân
Fan Keale Dunen oant it Skylger eilân
Fan de griene wâlden oant de wide greiden
Dit lân leit klear foar my en foar dy!

Fan de griene wâlden oant de wide greiden
Dit lân leit klear foar dy en foar my
Dit lân leit klear foar my en foar dy!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.