As ik sa om my hinne sjoch leau ik dat froulju letter yn it libben makliker freonskippen fan betsjutting opbouwe as manlju. Myn ûnderfining is dat it foar in man faak by situational friendships bliuwt, de kollega’s en de keardels fan it sporten, de buorman of de maten fan de kursus. Hoe fleurich en smûk ek, úteinlik is it faak in saak fan út it each, út it hert.
It sil gâns mear oer mysels sizze as oer it ferskynsel man, mar koartlyn ha ik binnen it tiidsbestek fan in pear dagen foar it gefoel en bêste witten foar it earst yn fjirtich jier in nije freon foar it libben fûn.
It Spaansk hat in wurd foar de skoanâlden fan wjerskanten: consuegro. ‘Suegro’ is skoanheit – ’suegra’ skoanmem. De skoanheit fan myn soan is dus myn consuegro en sa kin ik him ek oansprekke. Yn it Frysk soe it sokssawat as ko-skoanheit wêze kinne. Dy soan fan my hat dus in Spaanske oansteande, fan Málaga, en ôfrûn wykein hawwe wy dy kanten út west om mei inoar yn de kunde te kommen. Fansels wie dat earst in foarsichtich ôftaasten. Myn consuegro blykt lokkich folle better Ingelsk te praten as de soan it ús foarsteld hat. Myn consuegra praat dêrtsjinoer amper in wurd Ingelsk, mar krekt dêrom sitte de frou en ik al in heal jier op in kursus Spaansk. Mei hannen en fuotten komme wy in hiel ein en foar alles wêr’t ik it Spaanske wurd net fan ken, en dat is in soad, stammerje ik mar wat yn it Frânsk.
Wy fersteane inoar mei it oere better. Myn consuegro en ik hawwe sawat deselde belangstelling en dat praat fansels hiel wat makliker. Wat ús karakter oangiet hawwe wy ek tige wat mienskiplik en dan ha ik it noch net iens hân oer it prille lok fan ús beide bern en harren houliksplannen. En in houlik, dat betsjut wat yn dizze kontreien. Wy besykje in potinsjele troulokaasje en ferkenne de stêd, wy komme te praten mei omkes en muoikes, ite trije dagen lang de lekkerste tapas op de wûnderaardichste mominten fan de dei en bewûnderje de botanyske tún dêr’t se sels noch net of amper west hawwe. Myn consuegro fersoarget al tweintich jier it kommentaar op de Málaganeeske telefyzje by de paraden fan de Semana Santa en grutsk lit er ús efter de skermen de opbou sjen fan de prosesjes dy’t flak foar Peaske wer op steapel steane.
Mar der is mear, eat dat gjin wurden nedich hat. It maklik mei-inoar wêzen. De grapkes en in begjin fan inoar de gek oanstekke, tegearre sykjen nei útlis, it toanen en dielen fan emoasjes, it ûnderfinen fan wat wichtich is foar de oar en dat as fansels werkenne. Foar’t wy it ús realisearje prate wy oer God en de fernoeging fan it libben, oer de wrâld fan ús pakes en beppes, oer polityk en Trump en harren lokale held Picasso yn relaasje ta Vincent fan Gogh. It past inoar.
De lêste jûn prate wy oer ús beide bern, harren takomst en oer it houlikse libben. It duorret noch oardel jier foar’t se trouwe sille, mar myn consuegro en ik, wy hawwe mei stille wille de plannen foar in mienskiplik troutekst al besprutsen.
Como artistas sobre el marmól blanco o quizás las cálidas maderas esculpiremos nuestros sentidos, nuestras razones, nuestras ideas. -A.R.D.-