Bestean der hjoed de dei noch mieningen sûnder foaroardiel? Net by oare minsken, tink ik soms, foaral op mominten as ik in min sin ha of al oeren yn ’e skiterij sit, sa as fanmoarn. Foarbyld: it is by ús yn de Bollestreek werklik machtich moai en gewoanlik bysûnder rêstich wenjen, mar guon yn Fryslân bliuwe mar tinken dat it der by ús gâns oars hinne leit. Dy assosjearje de Rânestêd mei altyd drokte, oeral TaTa-eftige ljochtfersmoarging, in nea ophâlden fan in protte poeha en allegeduerigen lompe opfettingen oer wêrom alles yn Hollân fan natuere wichtiger en weardiger is as yn de rest fan ’t lân. Bitterheid út identiteitstinken, dêr moat ik dus hielendal neat mear fan ha sûnt Riemersma my op de fingers tikt hat.
En no hawwe se dit wykein yn Zandvoort ek noch ien of oare autorace, dy’t trouwens fansels better op har plak wêze soe op de heide ûnder Assen, te sjen oan al dy begrutlike rêchstreekfroaskjes en sângerskrûperkes dy’t dizze dagen yn de dunen it ûngenedich ôflizze moatte tsjin karteroalje en de aërosolen fan trije kear sa’n santichtûzen überhitzich fanatike Verstappenfans.
Us Bollestreek dus, ûnder Zandvoort. Yn de fierte kin ik de fleanmasinen nei en fan Schiphol wol sjen mar se meastentiids moai net hearre, it gif fan de bolleboeren waait yn ’e regel strak de oare kant út (dy fan Zandvoort wol ik leauwe) en it is hjir fier genôch fan Fryslân ôf om de rare perikels op it thúsfront mei passende distânsje te beskôgjen. Nee, gewoanlik hearre jim my net klagen.
Mar dan myn buorlju. Sokke nochteren, sokke gewoane minsken dy’t, as se net mei pensjoen binne, miskien wol minstens krekt sa hurd wurkje as jimme dêr yn Fryslân. John siet yn it ûnderwiis mar hat no trije grutte hobby’s om de tiid troch te kommen; it op foarrie hâlden fan syn samling wyn yn joekels fan klimaatkasten mei meardere temperatuersônes, ride yn syn nijste Renault mei flink wat fermogen én de Formule 1 autoraces. Hy hat kaartsjes, hy wol, dy mazzelkont. Dan hawwe wy Rob mei twa hobby’s, te witten yn ’e wykeins sa folle mooglik bysûndere Belgyske bieren drinke (hy hat der in spesjale app en it liif foar) en it Formule 1 barren. Foar syn hiele famylje hie er kaartsjes foar De Race, mar him treft krekt de tsjinslach fan ien op ’e trije dat er fan dit útrette regear úteinliks net nei it sircuit yn Zandvoort ta mei. Takom jier better. Machiel, myn buorman oan de rjochter kant, hat foar’t safier ik wit ek twa hobby’s: it yn it riden hâlden fan syn ûnbidige samling Märklin treintsjes op it souderemplacement fol nostalgysk Beierske berchspjalten en alles sammelje, mar dan ek werklik alles, dat mei in Max Verstappen te meitsjen hat. En dochs gjin kaartsjes. De helte fan alle oare minsken oan ús pleintsje ferhiere foar grou jild dit wykein de wenning, wylst se sels yn harren caravan of camper de oare kant út ride. Opswetse oer de fertsjinsten fan jins eigen caravan en de ûntsachlik frijheid dy’t dy kringen meibringe is oars oer it generaal te uzes ek in yntinsive hobby. Dat is by jim yn Fryslan grif oars, jim hawwe ommers de romte en de frijheid, de rêst en de stilte, de tsjutting en de tiid om sûnder wolfeartsknobbel achter jim bolides yn alle gemoedsrêst en nei eigen befrediging hinne en wer te tuffen.
Dy Rob hat achter it rút fan syn bestelwein in flachje fan Max oan de spegel hingjen en op racedagen hinget der in gruttere flagge op it dak fan syn túnkeet anneks lounge-mancave. Syn âldste soan giet fan dizze wike ôf nei de grutte skoalle om foar automonteur te learen. Dizze simmer hat it jonkje alle dagen mei syn broerke op it parkearpleintsje foar it hûs boarte mei syn radiografysk bestjoerber raceautootsje dêr’t syn heit mini-Max flachjes op skildere hat. Lesten wiene der op in bepaald stuit sels fjouwer fan dy rotautootsjes op it pleintsje oan it duveldeitsjen.
Ferline wike sneontejûn hiene wy ús wenstige strjitteBBQ om it ein fan de skoalfakânsjes te fieren. Ik tocht Lomme tocht ik, kalm oan, bist op jierren, moatst better witte: Zen, fernear it, bedaarje dy wat, lit it ta, elk syn meuch. Moatst mear iepen stean foar de wrâld om dy hinne, ferpleats dy yn dyn meiminsken want ek dy hawwe rjocht op harren ferdivedaasje en oars wol op it gemak fan in eigen foaroardieltsje. Mear as wat sympaty is ommers net nedich, in bytsje respekt smyt in soad goodwill op en boppedat, nei trije wiken frettenjaan oan dy twa net-kastrearre katten fan Rob hast mear as rjocht op hiel wat fan syn lekkere bierkes.
Ik der hinne en ik my koes hâlde. Fuortdaliks kaam it praat op de races yn Zandvoort en op it masterskip fan Max syn talinten. Ik hearde fan eltsenien dêr oanwêzich, dat wol sizze fan de measte manlju ûnder de sechstich, hoe merakels gewoan it publyk by sa’n race wol net is en hoe folle better yn fergeliking mei normaalwei it soadsje ûngeregeld by fuotbalwedstriden. Ik ha neat sein, neat ha ik sein oer mooglik humoreske fluitkonserten rjochting Hamilton, ik ha myn buorlju counseljend oanheard, goed trochfrege ha ik, ik ha ynstimmend konsideraasje betoand en wilens flink trochsûpt. It waard ien fan de noflikste BBQ’s fan de lêste jierren.
In foaroardiel is in miening sûnder oardiel, ha ik earne lêzen. Ik leau dat dy útspraak fan Voltaire komt, dy man hat it blykber ek dreech hân. Myn allergy foar sokke akkefytsjes as de F-1 hat net allinne te meitsjen mei de idiotery fan it idolaat wêzen (as eltsenien achter deselde held oanrint rin ik it leafst in strjitsje om), mar ek in behoarlike afersy om myn siel en silligens (en net te ferjitten myn sûnens) op te hingjen oan eat dat bûten myn berik leit en dêr’t ik fan myn libbensdagen gjin kontrôle oer ha.
Mar ik mei fan de frou net elitêr wêze. Nei’t ús prins charming, de ûnderkening fan it cyclysk fêstguodymperium, snein de flagge swaait foar it begjin fan twa oeren baantsjestrekken, sil ik miskien, hiel miskien om it kertier dochs efkes de stân fan saken besjen op Teletekst. As net yn it foar dan wol tusken de bedriuwen troch wol ik bêst my oprjocht in soarte fan oardiel foarmje om ta in trochtochte miening te kommen oer alles dat yn ús maatskippij bestindich oars en gever wêze moat.
Dy gedachte ha ik trouwens mei te tanken oan Anne Wadman. Doe’t ik by ien fan myn jamsessies fanmoarn wat langer tahâlde op it húske, hie ik in e-book fan de byb yn de hannen, -in jongkeardel dy’t it each op de takomst hat is ommers op alles tariede-, te witten Anne Wadman syn Mei Abraham fûstkje (oantinken, ferhalen, kritiken). Op in side dêr’t ik noch 40% fan it boek lêze moast (sidenûmers kin ik nea fine yn it e-bookwêzen) kaam ik dit prachtich prottelproasa tsjin:
“Ik soe sa ferdomde graech wis fan myn saekjes wêze, lykas langer elkenien, yn polityk, wittenskip, kunst, erotyk en iepenbier omgong. It leit jin lam. It betsjut: net meidwaen kinne oan begelyks al dy reboeljes en opskuorren, rellen, skandalen, revolúsjes en iepenbiere oanklachten en knokkerijen en publisiteiten en grutte bekken. Heelhwat loftse idéen binne my fan herten sympathyk, ja út ’e siel grypt, mar as se it ta kreet brocht hawwe, en dat dogge se allegear, hwant de wrâld is stiiffol kréative kreetmakkers, en ik der foar de dyk op, dan tink ik: weg weze, mijn naam is haas. Dan bekrûpt my twivel en ûnmacht en ik fiel my lyts en lef en skurf en rjochts (….). De parlementaire wei rint dea. Ynspraek moat der wêze. Strjitstiennen en barrikades en molotovkokteels en polysjes peste, dat giet der mei. Ik wit it allegear wol hoe nedich as it gesach nei de miter moat en de kapitalistise ekonomy kapot, en myn hert is mei harren dy’t der nei stribje en libje en demonstrearje mei burd en hier en transpiraesjegeur en al, en ik hoopje dat Gods genede ek mei harren is, mar ik tink: Och leave Jezus, hwat jutte se harsels en elkoar op, hwat blaze se heech fan ‘e toer, de krete-makkers, de skilderij-makkers, de seksboekjemakkers, de aktuële-muzykmakkers en al dat diskussiëarjende, protestearjende en provosearjende folkje. Al dy roppers en skoppers, foar iepenheit en ynspraek en kunstbilied en meisizzenskip en tsjin establishment en tsjin de reginten en de polysjes en de bazen en de ûnderbazen en de ûnderûnderbazen en tsjin de universiteit en de Akademy en de stavering en de Tsjerne. Lang libje Fidel en Dubcek en Theodorakis. It giet allegear om hwat goeds. Ik kin it allegear wol ynsjen en ik bin ek echt net to biroerd om in poat út to stekken. Der is in heel soad yn ‘e wrâld dat skeef sit en better kin. En dêr binne tûzenen alle dagen foar yn ’t spier, ministers en maetskiplike wurksters, keamerleden, monteurs en nutsbistjûrders, boargemasters en boppemasters, sosialisten en sa stadichoan, al hat it 50 jier duorre, ek net-sosialisten, sels pausen en professoren en fakbounsbistjûrders en jeugdlieders en polysjes en reklassearingsamtners en offisieren b.d. en fan justysje en wegewachten en fûgelwachten, iisklubbistjûrders en Feijenoord-supporters, sakelju en strjitmakkers, atoomgelearden en skoarstienreagers….” (Haadstik 12).
Oranjebitter: iis- en iiskâld weistopje ûnder yn de klimaatkast, de hiele hannel fersleutelje en de kaaie weismite tusken de sângerskrûpers.