Festival Oranjewâld

In read fytske, in trochtraper sûnder remmen mei houten blokjes op ’e trapers en in pakjedrager dat inkeld mei ien moer fêstsitte wol. Op ’e dyk hâldt grutte broer de fyts oerein en ik klim der op. Hy seit fytse do dy kant mar op en dêr fyts ik hinne. Rjochting Tjaarda. Remje doar ik net, der is gjin ho te hâlden. Ik wit de wei. Fjouwer kear linksôf en ik bin werom foar it hûs. Dêr stean se te wachtsjen. Grutte broer is boas, mem skriemt en heit heint my op. Ik kin fytse.

DJS. De Jonge Spartaan, gymnastykferiening. In oare sport is der net. No ja, in iepen swimbad en de skaatsbaan yn ús taaltsje mar beide binne net foar alle dagen. Wetter te kâld en ik ha ommers sloppe ankels. Woansdeitemiddeis tegearre nei de Krukmansleane, myn broer en ik, hân yn hân wol ik ha. Fûgelnestjes yn de ringen, mâle fratsen op de lykwichtsbalke, kopkedûkelje op de lange matte. Dat slagget kreas, mar in ratslach bliuwt in brêge te fier. Sport is net oan my bestege.

De Albertina Agnesskoalle. Hege ruten, hurde banken, haaiemaaie op it skoalplein. Freedtemiddeis tekenjen, sneontemoarns foarlêzen. Ien kear yn ’t jier om beurten nei dokter Werkhoven, de skoaldokter. Sy wennet foar ús oer, nêst Wolthers, kantonrjochter fan kneppelfreedreputaasje. Juffrou Werkhoven hat altyd lekkere suertsjes foar de bern op de buorren, fan dy hurde reade boltsjes yn oan puntsjes draaid sellofaan. Op skoalle by har yn de leararekeamer moat ik op de pols blaze. Sy sjocht dan flechtich yn ’e ûnderbroek. En alle jierren wer dy stippeltsjeskleuretest dêr’t ik neat út meitsje kin. Moatst dochs ris kleur bekenne, jonge.

Peaskemerke by Tjaarda achter op it fjild. De opbou is it spannendst. Wy derhinne, broer en ik, op ús splinternije fytsen. Blau en wyt en nijerwetsk mei hânremmen dy’t alle amerijen los reitsje sille. Heit kriget der de hannen fol oan. Sûnder tasicht binne de fytsen dêr achter Tjaarda sa maklik delsetten dat in frachtwein oer broer syn fyts hinne rydt. Heit poer, broer sneu, mem treastget. Ik poater.

In pear jier lyn wolle wy nei de Overtún, in oerke kuierje yn it park, in bytsje genietsje fan âlde mânske beammen en simmersteatlike leanen, wer tûmelje yn ’e nostalgy fan myn bernejierren. Dêr wêr eartiids De Tinte stie en letter de Gaastras fan Batavusreputaasje wennen, hâlde lykwols drokte en alderaardichste jongkeardels ús tsjin. Se stjoere ús werom om’t wy gjin kaartsjes hawwe. Kaartsjes?

Blykber kinne se dit jier de kaartsjes net kwyt. Logysk, wa siket yn dizze faaie tiid de drokte op? De lêste wiken om it oere op Classic.nl reklame foar it Oranjewoud Festival. Elke oere krij ik wer it Oranjewâld fan doetiids foar eagen. De pleats fan Meine, Hakze dy Bakt ze, Jan Mankes syn Wâldsterwei, de Belvedêre toer, it Switsersk hûske tusken it grien. Truusje en Tropenfauna. Bylden fan hoe it wie. Och, alles went. Utsein in event.

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.