Foar it sjongen de tsjerke yn

Gjin tsjerke sil ik ynrinne of ik moat fuortdaliks it plafond besjen. De tsjerke as gebou is foar my net in ôfspegeling fan in boppenatuerlike werklikheid dy’t my nei myn religieuze ûnderfining liede kin, mar in plak en bestimming foar it suver estetysk genot fan symmetry en geometry. It gewulf fan goatyske katedralen binne wat dit oanbelanget fierwei de moaiste, in ultym trochtocht bouwurk fan in werheljend ritme en raffinemint.

It is in magistraal stringint gearbondeljen fan komplekse unifoarme stjerfoarmige krúsribben, ringen fan diagonale skild- en gurdelbôgen, spits- en skiedbôgen, kappen en slútstiennen boppe yn koepels en arkaden. Ik sjoch in wûnderlik byinoar klinken fan konstruksje, rasjonaliteit, technyske finesse en optyske yllúzjes. En dat alles boud in ferbjusterjend sân-, achthûndert jier lyn yn it perspektyf fan in ûneinige takomst. Ferheven boukeunst, om tiden nei te sjen en stil wei te wurden.

By dizze systematyske gearstalling fan prachtige bôgefertakkingen komt by my ien muzykstik nei boppe dat wat útfiering en komposysje oanbelanget yn kompleksiteit spegelbyldich synonym is mei de djipsinnichheid fan al dat goatysk fernuft. Dat is Gregorio Allegri syn Miserere Mei – Wês my genedich. Komponearre om 1630 hinne op de tekst fan psalm 51 waard it alle jierren mei Peaske opfierd yn de Sikstynske kapel fan it Vatikaan. It kopiearjen fan de komposysje wie strang ferbean, mar Mozart op syn fjirtjinde hat it nei ôfrin út de holle noat foar noat sûnder ditten en datten útskreaun en is der noch foar prizige ek.

Hear HJIR nei in minske dy’t help siket en treast fynt. Faak meitsje de stimmen fan it Miserere Mei my bliid en lyts en grutsk tagelyk, dan wurdt it grize fan myn bestean wat fleuriger en lichter. Kontemplaasje en besinning, dit sjongen yn de tsjerke.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.