Gjin 5G

Boppe wiene de mannen, earst wiene it der fjouwer en doe fiif en letter noch in seisde och sa wis fan de saak mar de sânde wie in frommes yn in lange rok en mei blauwe eagen dy’t hiel sêft prate en de iennige dy’t echt harke nei wat ik sei. Sy snapte my. Sy wie net lyk as de mannen dy’t my de hiele tiid nuver oanseagen en inkeld mar fragen stelden, de frou mei de moaie eagen prate sêftsjes tsjin my oer it útsicht oer de beammen hinne en se hie it oer myn waarme grize kapusjon en hoe moai myn nijopmakke neilen wiene en dat ik it wol stjerrende kâld hawwe soe dat se my helpe woe dat sy my allegearre helpe soene as ik earst mar los liet om mei te gean it bakje yn nei ûnderen ta dêr’t in hiel soad minsken stiene mei kamera’s en fototastellen en dat woe ik doe op’t lêst wol want ik hie it wol kâld en bang wie ik en skamme my de holle út dat safolle minsken foar my allinne yn it spier wiene om krekt my te helpen mar wie dat net wat ik woe fannacht? Wie dat net wat ik woe?

Fannacht seach ik op de muorre fan it hege bygebou rjocht tsjinoer myn keamer wer de duvel mei de broek om de ankels en de knibbels fier útinoar op it húske sitten krekt as heit doetiids en Jurjen sa faak. Ik wit dat de duvel gjin hoarens hat, dat binne bakerpraatsjes, oh nee, de duvel hat in keale kop mei in burd fan stiel en de klauwen fan in rôffûgel en hy winke my en âle mei syn skelle stimme do moatst do moatst no dyn klean oandwaan nei bûten komme moatsto en sis net God syn namme want dan der swaait der wat en doe dêrnei klapte ik dûbeld op de gong en stjitte myn teannen tsjin de blompot mei begonia’s ûnder oan de trep.

Dizze nacht wie wer sa sa lang en leech en mem kin krekt sa goed dea wêze yn Bloemswaard as ik har net sjen mei en de duvel witst better en sei dat ik my ferheegje moatst, heger as al it oare en dat ik dan dêr boppe yn de mêst, heech oer de beammen hinne, har sjen koe op de tredde ferdjipping efter it rút fan har sliepkeamer en doe kaam it my yn it sin dat ik dan ek dichter by God bin der heech yn de mêst en as de minsken my net hearre wolle en as ik mem net sjen kin dan sil ik my sa loslitte en fangt de duvel mei ûnder op want hat Jurjen net sein dat ik net bang wêze moat dat ik in syn flinke faam bin en dat wy altyd en altyd ferkearing hawwe sille mar wêr bliuwt er dan en wêrom moat ik mar libje en wêrom sit de duvel nachts bûten foar it rút op it húske?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.