En Preach!, do Motherfucker
do kerbûste ûnderdrukker
fertsjinje mar de hel oan ús
rop en raas heech fan dyn krús
set protterjend fan de dakken
dysels mar fake te kakken
want aansen sitst as tjirrich lot
foar heechferrie yn it deakasjot
In Peace do Motherfucker
de yn de modder drukker
de gjin belestingbeteller
do dribbelkontige delheller
it sokses as presidint
it sjeny sûnder presedint
swarthanneler fan wat ljocht is
bûger fan dat wat rjocht is
Impeach dy Motherfucker
it wêzen de oppernukker
prins fan it kwea
dweper mei it biddelbrea
kening sûnder klean
keizer fan it joepsk fergean
priizger mei falske tonge
fan dy sille wy sjonge