Dizze wike (16 oktober) is it in jier lyn dat op Malta de sjoernalist Daphne Garuana Galizia troch in autobom fermoarde waard. It ôfrûne jier like der amper haast te wêzen mei it gerjochtlik ûndersyk. Blykber binne der fan alle kanten stokken yn it tsjil stutsen. Foar eltsenien is it sa klear as de dei dat de opdrachtjouwers ûntkomme sille. It kin net oars of dy opdrachtjouwers moatte te finen wêze ûnder de machthawwers yn Malta.
It moardzjen fan sjoernalisten hâldt net op. Dit jier binne yn de EU fermoarde Ján Kuciak en syn ferloofde yn Slowakije en Viktoria Marinova yn Bulgarije. Ut Ruslân: Orkhan Djemal, Alexander Rastorgoejev en Kirill Radsjenko.
Yn 2017 binne der yn de wrâld 65 sjoernalisten fermoarde. Boppedat binne 54 sjoernalisten gizele, twa wurde der mist en net minder as 326 sjoernalisten binne finzen nommen. Lit ik sa sizze: útsein sneins alle dagen ien.
En no wer Jamal Khashoggi, ûnthalze en yn partsjes snien yn it Saûdysk konsulaat yn Istanbûl. En makkest my net wiis dat dit ek net wie yn opdracht fan de Saûdyske gesachhawwers. En wat docht de wrâld? Business as usual.
Wie it net Stalin dy’t sein hat dat ien deade ferskriklik is, mar mear as hûndert inkeld in statistyske bysûnderheid?
O ja, dan hawwe wy yn Amearika noch in presidint dy’t op in ferkiezingskampanje fannacht iepenlik en direkt de loftrompet opstekt oer in gewelddiedige aksje yn Amearika tsjin in Amerikaanske sjoernalist.
Yn in taspraak foar republikeinen yn Montana hat er it kongreslid Greg Fianforte priizge dat dy twa jier lyn in sjoernalist yninoar slein hat doe’t dy krityske fragen stelde.
Trump: “We endorsed Greg very early. But I heard that he body-slammed a reporter. This was the day of the election or just before, and I thought ‘Oh, this is terrible! He’s going to lose the election.’ And then I said, ‘Wait a minute, I know Montana pretty well, I think it might help him.’ And it did.” En it publyk yn Montana joech Trump fannacht in geweldich applause.
Wa hat sein dat de leafde ûnferstannen makket, mar heitelânsleafde kweawillige ymbesilen?
Sjoernalisten fan Fox News wiene doetiids tsjûge fan de oanfal op dy sjoernalist, Ben Jacobs (Fox News is nota bene Trump syn favorite nijsfoarsjenning, hy sjocht neat oars). Neffens dy sjoernalisten hat dy Greg Fianforte Jacobs mei twa hannen by de nekke nommen, him tsjin de grûn slein en is doe trochgien de sjoernalist te stompen. Jacobs is nei it sikehûs brocht en behandele foar in ferwûning oan de earmtakke. Yn de rjochtbank hat Gianforte letter bekend en is er feroardiele ta fjouwer dagen finzenisstraf. Letter is dy straf omsetten yn in taakstraf fan 40 oeren, in boete en in ferplichte kursus agresje reduksje.
Trump. Wy hawwe it dus oer in presidint dy’t sward hat de grûnwet te ferdigenjen. Dêr wiene wy by. En wat docht er? Hy hevet in fysike oanfal op in sjoernalist dy’t gewoan syn wurk docht wat no krekt in oanfal is op neat minder as it earste en wichtichste amendemint fan de Amerikaanske grûnwet:
Congress shall make no law respecting an establishment of religion, or prohibiting the free exercise thereof; or abridging the freedom of speech, or of the press; or the right of the people peaceably to assemble, and to petition the Government for a redress of grievances.
Hoe gek moat it wurde mei dy keardel en syn oanhingers?
Dat wie wat fan it nijs dizze wike. Wat moat ik der mei? Stopferve keapje en de eagen slute?
Neiskrift: It skriuwen fan dit stikje is eins like ûnsinnich as meirinne yn in stille optocht: it feroaret neat en is inkeld de moaiskyn fan it selsbyld dat ik oaren sjen litte wol. Hoe lang noch mei dizze blog trochgean?