Ien dy’t ropt yn ’e woestyn

Yn Fryslân by in âld kunde mei twa pakesizzers yn ’e achtste groep fan de basisskoalle. It praat komt, nei’t wy lang om let it waar besprutsen hawwe en it kromme koroananormaal, ús ôfbrutsen fakânsjeplannen, de al of net nije kânsen fan Cambuur, it frij op ’e kop tikjen fan Fryske e-boeken en Trump syn tegnjirdzjend twitterjen, op it Frysk dat de twilling ek yn dit lêste skoaljier amper leard hawwe.
‘Moatst ris sjen,’ seit de pake fan myn leeftiid, ‘hoe bryk it der by stiet.’ Hy hellet syn mobyltsje út de kontbûse en lit my wat berjochtsjes fan de feintsjes sjen op Whatsapp. ‘Se kinne de bok melk prate, mar as it op skriuwen oankomt roait it nergens nei.’ “Nee, ik wit net wear ik langs mot, ik bin dur nooit jerder west, dot is wol jammer hé pake.”
‘Meist noch bliid wêze dat dy beide teminsten besykje Frysk te skriuwen,’ sis ik.
‘Se krije fan my daliks de wyn fan foaren as se soks net dogge, mar eins soe ik harren ûnderwizers in slach om ’e harsens jaan moatte. Broddelwurk, dat skoalgean fan tsjintwurdich.’

Ik freegje him of hy It Nijs ek lêst, mar fan de iennige echte Fryske krante op ynternet hat er gjin flau idee. Of hy dan wolris fan de Ried fan de Fryske Beweging heard hat? Sis Tsiis dan? Noch minder. Sels de namme Abe de Vries seit him neat, mar myn âld skoalmaat is dan ek in Ljouwerterlêzer fan tige koart om ’e hoeke. Ik lit him de skôging fan De Vries lêze, oer it nije learplan foar ûnderwiis yn it Frysk dêr’t Cedin mei dwaande is. (link)

‘Wat stiet hjir no eins?’ freget er. ‘”…fierdergeande etnisearring fan it Frysk ûnderwiis…”? Sokssawat moat wol tige slim wêze, as ik it sa lês.’
‘Se leare fan alles oer hoe it is om in Fries te wêzen, en oer wat bygelyks typysk Fryske gewoanten binne en hoe wichtich it Frysk as taal is en hoe kwalitatyf ûnderskiedend in oprjochte Fries wol net is, mar ûnderwilens fatsoenlik de Fryske taal leare, ho mar.’
‘Is dat wat etnisearring is, datst bewust bist in Fries te wêzen?’
‘It is yn oerdrachtlike sin it hysjen fan de bern yn Fryske dracht, mei witst wol fan dy nuvere sulveren earizers op ’e kop. Mar blinders, it Fries wêzen is dochs mar in lyts partsje fan ús! Eins allinne mar it feit dat wy Frysk prate. In Fries is ommers safolle mear as in Fries! Ik bin ek Nederlanner, Europeaan, wrâldboarger, hetero, keunstminner, Dylanfan, ien dy’t graach dit en dat lêst en in psychopatologyske masogist en und so weiter und so fort.’
‘Dus ek neffens dy soe it Frysk ûnderwiis net gean moatte oer bewustwurding en noarmen en wearden en tradysjes en mear fan sokke stimmige saken?’
‘Earst ferdikkemy it fûnemint, en dat is it behearskjen fan ús taal! Deeglik prate, lêze en skriuwe! Oars witte dy semi-analfabete Frysk yndoktrinearre pakesizzers fan dy net hoe’t se letter yn Amsterdam of yn San Francisco it paad sykje moatte tusken al dy net-Fryske aliens.’
‘Wat moatte myn bernsbern no yn ’e frede yn San Francisco? De hippys dêr lizze al lang stoned ûnder de grêfsarken en is Fryslân oars net goed en grut genôch?’
‘Sa’n Abe de Vries, dat is der no ien dy’t roppen bliuwt yn ’e woestyn en hast gjinien yn dit lân fan Bokwerd lit him witte dat se him hearre.’
‘Sokke minsken moatte der ek wêze. Wolst wat drinke?’
‘Hast in wyt wyntsje foar my kâld lizzen?’
‘Do witst, yn dit hûs komt sûnt altyd inkeld bearenburch.’

2 gedachten over “Ien dy’t ropt yn ’e woestyn

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.