In fergonklik fenomeen

Koeneman, de âldste pakesizzer fan hast seis jier âld, is al in skoft biologearre troch dinosauriërs, fulkanen en lavastreamen. Doe’t er noch lyts wie, jonger noch as syn bruorke hjoed de dei, wie er in draak, in echte draak, dy’t op hannen en fuotten efter de sitbank wei pake op ien middei wol tweintich kear in gryslike skrik om ’e lea jage. Mar tsjintwurdich wol er neat mear witte fan sokke saken as draken, no wit er alles fan plante-iters mei lange nekken, lyk as de plateosaurus -ken pake dy?-, en fan ûnbidige fleisiters as… en dan komt er in rigele ûnmooglike nammen dy’t pake mar net ûnthâlde kin.

En stiennen. Hy hâldt al moannen o sa fan stiennen. Ut skoalle wei komt er thús mei wite en rûne stientsjes en bytiden mei in foech stikje semint. Hy sammelet se yn in skuondoaze op syn keamer, in skat dy’t pake by it oppassen alle wiken op ’e nij besjen moat. En dêr hat er pake mei, want pake is lyksa sljocht op stiennen. Hy hat se faak en folle kocht, op fakânsje yn Eastenryk of Noarwegen. Pake hat in fernimstige -fynt er sels- samling yn syn mancave op ’e souder, yn in glêzen fitrine dy’t er mar net ôfstofje wol, ek al seit beppe dat it nearne op liket en dat er him sa stadichoan wat skamje moat. Op ’e dolle rûs wit pake it goed te meitsjen. Hy seit tsjin Koeneman dat er de earstfolgjende kear by pake thús foar syn samling in moaie stien útsykje mei.

In pear dagen letter hat pake de hiele húshâlding thús te iten. Tafallich hat er wer ris in needsaaklik putsje foar syn skoansoan de HTS-er mei syn timmermanseach en twa rjochter hannen yn ivich opstrûpte mouwen. Koeneman is amper oer de flier of praat al oer pake syn stiennen. Wat in pake ienris tasein hat is yn bloed jitten en sa rinne pake en de beide jonges stiltsjes nei boppen ta, wylst harren heit op ’e knibbels yn ’e tún knikkerts út de kapotte wetterpomp fisket dy’t beide dogeneaten twa wiken earder ien foar ien út empiryske nijsgjirrigens der yn rolle hawwe.

De jonges steane op ’e stoel foar de fitrine en pake priizget syn samling stiennen oan. Koeneman lykwols kiest net foar de swarte lavastien fan Lanzarote, net foar dy platte glimmende stien út it Ertsgebirge en ek net foar dy iene ferstienne skulp fan Skylge, wol foar pake syn djoerste stien út Noarwegen dat wrachtsjes de prachtichste stien is dy’t ea yn it hol fan in man te finen west hawwe moat. Syn bruorke hat in lytser stien op it each, ien fol alderhande kleuren dy’t pake mei syn healgeare kleureblinens dochs amper ûnderskiede kin. De jonges strûze nei ûnder ta, optein en grutsk.

Pake fynt it mar in merakel hoe’t de bern tsjintwurdich de jas oandogge, fan plat op ’e flier omkeard ûnderstboppen sa oer de skouders. Dan seit pake fan o heden dat Koeneman syn stien, dy’t op de finsterbank leit te pronkjen, net ferjitte moat. It jonkje pakt syn stien en jout rinnendewei syn stien in tútsje. Samar in momint dêr’t pake fuortdaliks fan wit dat er dy nea ferjitte sil. Pake is pake en blykt net in bytsje grutsk op himsels.

In wike letter hellet pake Koeneman op fan skoalle. Syn juf stiet yn de doar en lit de bern ien foar ien pas nei bûten rinne sadree’t se wit wa’t de opheller is. Koeneman draaft nei syn pake om te fertellen dat hy der wer in tosk út hat. Hy djippet út syn rêchtas in minislúfke foar ’t ljocht dêr’t syn juf in kleurich keunstwurkje fan makke hat. Pake -dy’t sechstich jier nei de Blitzkrieg fan tosketrekker Von Keeken út Ketlik midden yn in grouwélich lange weropbou fan syn eigen gebit sit- knibbelet foar syn pakesizzer en besjocht it toskje en it fytserek dêr’t dy weikomt mei wiidweidige belangstelling. It liket oft der noch in stikje fleis oan sit. Pake jout de tosk werom oan it jonkje. Foarsichtich tutet Koeneman syn toskje alear’t hy dy wer yn it slúfke pleatst. Dat tosketútsjen makket dat pake ynienen syn plak wer wit. Foar syn pakesizzer is hy inkeld in foarbygeand ferskynsel en sa moat it ek wêze. Hân yn hân rinne se op it jonkje syn hûs oan, dêr’t beppe de tee al brún hat. Foar beide hat beppe ek ien fan dy lekkere likkoekjes klearlizzen.

3 gedachten over “In fergonklik fenomeen

  1. Pake fynt it mar in merakel hoe’t de bern tsjintwurdich de jas oandogge, fan plat op ’e flier omkeard ûnderstboppen sa oer de skouders

    Ja, net te leauwen. Doe’t ik dat foar it earst seech fûn ik it ek in merakel. It slagget my no ek. Haw jo it al besocht?

    1. Meager ekskús Lomme. Nei’t ik it foar de earste kear besocht hie wie ik binnen in wike al wer út it sikehûs.

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.