Witst noch, de tiid datst oan ien tried troch oan ’t lêzen wiest? De wrâld en al it oare koene foar dyn part troch it wetter sakje, salang asto dyn boek mar útlêze koest. Om fuort dêrnei oan in nije te begjinnen. Dy iene foto, datst as skoaljonge yn swimbroek en mei sokken oan yn ’e sinne sietst te lêzen.
Witst noch, de tiid datst dy sa oan it ferwûnderjen wiest? Fan it iene yn it oare, der wie altyd en oeral mear te witten. Fan Carl Sandburg nei dyn syn sweager Edward Steichen nei dyn syn fiere neef Kerouac: rolling stones, sa’tst it beneamde yn ien fan dyn withoefolle brieven nei Amearika. Neffens guon is it libben in pylgertocht: ast it paad ferliest learst it kennen. It wûnder fan wat der noch te witten falt.
Witst noch, dy tiid datst oan ien tried troch oan ’t skriuwen wiest? Net oansprekber yn dyn eigen bobbeltsje, nachts net sliepe wolle, njonken it toilet pinne en papier; alle redens dy’tst betinke koest om mar net in heul boek te skriuwen. In der Beschränkung zeigt sich erst der Meister. Goethe, mei syn ‘yn’, net ‘troch’… Mear as genôch is tefolle.
Witst noch, dy tiid datst de leafde hiest? Hast it te faak as fansels beskôge, faak te min muoite dien om it better, djipper, bestindiger te meitsjen. Salang’t it duorre folslein oerjûn wêze oan neat en alles tagelyk. Watst leafhast is altyd moai.
Witst noch, dy tiid datst kuiere mei dyn pakesizzers? Nei in lange drege drûchte sa’n typysk myld reintsje: petrichor. De skimmels út de stiennen ferwurde ta it bloed fan de goaden. De rook fan it libben, dat seldsum is en al sa’n klamke duorret. Wat bliuwt? Alle amerijen nimme wy de kleuren oan fan ús fermidden.
Wat wolst, no’t dyn tiid omtrint foarby is? Wat is der noch mear as de fûgeltsjes en de wolken en it dy ferwûnderjen oer dysels? Oer wat west hat? Jawis, op eigen stee dyn boek trochblêdzje. Hoe’t it wie en hoe’tst it die. En witte dat it wiere grêf net yn ’e ierde leit, mar yn de herten fan de minsken.