It geheim fan Fryslân?

‘Wat moasto yn it arkje fan Rink? Ik fyts út de Tynje wei hjir alle wiken lâns om te sjen hoe’t it stiet mei it hjoeddeisk Frysk literêr wêzen en hieltyd leit Rink syn arkje der leech en ferlitten by. Eksimplarysk, soe’k tinke. En no do, it sneinsskriuwerke fan oare kant de Iselmar. Bist thús ta de doar útsmiten, of hoe sit dat?’
‘Roatsje, ik skriuw. Ik ha ferline wike alle skrutenens fan my ôfsmiten, yn namme en noflikens beneam ik my fan no ôf oan skriuwer. Lês myn lippen: Skriuwer.’
‘Och stumper, moast no it geheim fan Fryslân bewarje?’
‘Nee suertsje, oplosse. Ik sit hjir al twa dagen te stinnen op in essee oer it ferbetterjen fan de merk foar Frysk proaza. Kom fierder myn klûs yn, dan krigest in slokje en kinst my wat opskerpje.’
‘No, der sit ek net folle bearenburch mear yn dy flesse. Hoe fier bist mei dyn essee?’
‘Net al te al te fier. Ik moat noch begjinne. Oant no ta sit ik inkeld wat te stinnen en te stoareagjen oer dit prachtich lân. Ik tink oan in bylage fol ferhalen by de Ljouwerter en it Frysk Deiblêd. Dan hast de minsken te pakken dy’t teminsten noch lêze.’
‘Dêrmei hast noch gjin boeken ferkocht.’
‘Mar dan ha ik wol in merk oanboarre. Moatst dyn produkt earst bekend en oantreklik meitsje, ha ik leard op Nyenrode. Wat de boer net ken, dat fret er net. Wat seist dêr fan? En dan hie ik tocht…’
‘Ik sjoch it al, fan al it sûpen en stinnen wurdst aaklich elitêr.’
‘… dan hie ik dus tocht dat dy ferhaaltsjes, net mear as tûzen wurden, tige populêr skreaun wêze moatte. Bestsellerproof, sil ik mar sizze. Roatsje jonge, ik ha it al hielendal foar inoar: in kwart op syn DurkvanderPloegs, in heale mingel Hylke Speerstra, flink wat snúfkes Froon Akker, rynsk wat Rink en in moai mannich Dan Brown.’
‘Soa. En hoe wolst dat betelje?’
‘Crowdfunding. Moatst de tiid meigean!’
‘Ik wit eat folle betters.’
‘Eat…, do skriuwst gjin essee, tink der om. Ik moat gjin konkurrinsje fan dy.’
‘Hast wifi hjir?’
‘Wy Skriuwers en Esseejisten funksjonearje sûnder ynternet.’
‘Moast eefkes trochlinkje op THE GREAT AMERICAN READ. Sokssawat hawwe wy nedich yn Fryslân! Maklik as wat. Der bliuwt genôch jild oer fan it Kultureel Haadstêd gedoch om dit te bekostigjen. Dêr hoechst gjin essee oer prytpraatproaza foar te skriuwen. Genietsje do no mar moai fan ús prachtich lânskip en skink my it lêste flutsje bearenburch út dy flesse.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.