It omtinken fan Teslariders

Otto-Jan Stemerdink, kammeraat en buorman sûnt hiel wat jierren, hat sa’n masyntsje dat er twa kear yn de wike in setsje oer it hiem fan syn bungalow hinnewerje lit om it gers te meanen.
‘Wol it wat slagje, Otto ?’, freegje ik oan it ein fan de moarn. Ik leun tsjin it skud fan wjerskanten mei myn fjirde of fiifde prosecco yn ’e hân, want fan ’e middei sil neffens Pyt it waar flink feroarje en as Pyt soks seit dan moatte wy der foar op klear wêze.
Otto is de ûndernimmer fan ús beiden, altyd klear om wat nijs te besykjen, sjocht oeral en alle kearen jild op de dyk lizzen. Ik net, ik bin de logistike man. Wat Otto úttinkt, regelje ik. In gouden keppel binne wy, o sa betûft.
‘Wat is it in aardichheidsje, net? Ik kin der oeren nei sjen, hoe’t sa’n robot foar my it wurk docht. Op en del by rein en wyn. Wat oars, hast it nijs heard oer it oprôljen fan dat drugslab yn in skuorre oan de Binnenwei by Achter-Drempt yn Gelderlân?’
‘Wearde lytse tsien miljoen Euro, kilo’s grûnstof foar Crystal Meth en trije bûtenlanners oppakt. Lytsspul. Idioaten. Mar wat in tafal net? Do komst dochs út dy omkriten?’
Otto-Jan is Graafschapboer út Doesburg, dy’t noch minder fan Vitesse hawwe moat as ik fan dat klubke dat Kambuur hjit. Myn kompaan is der wis fan dat de Graafschap mear as it folste rjocht hat om te promovearjen. Nuvere minsken, dy Gelderlanners.

‘It komt blinders tichterby, fynst ek net?’ sis ik fluch om it dizze kear mar net wer oer dat domme fuotbaljen te ouwehoeren. Dat wurdt gau ferfelend. ‘Wy moatte oppasse! Lit de plysje dy labs yn it suden mar moai oprôlje, dêr stikt it al sûnt de Spaanske tiid fan de smokkelers en de maffia en de stikstof fan de bargen.’
‘Wat hat dat der no wer mei te meitsjen? Slachtest der mar wer raar yn om, maat. Wurdst dochs net senuweftich, wol?’
‘Fansels net.’ Ik sjoch him yn de eagen. Otto-Jan laket lykas allinnich hy laitsje kin. ‘Lang leve meld misdaad anoniem’,’ seit er, ‘0800-7000, ûnthâlde dat nûmer. Oer fjouwer wike bisto oan bar om te beljen. Ik wit fan noch in pear buorkerijkes dêr’t de Kolombianen en dy Meksikanen yn dwaande binne. Ien yn de polder, de oare net fier fan it Gelredome. Dy belje wy as Vitesse wer ris in thúswedstriid hat. As se dan net fallyt binne teminsten. Wy, wy kinne noch wol efkes foarút mei ús beiden.’
Noch twa moannen wit ik, dan hawwe wy alles wol sa’n bytsje yn de tichte fetten en moai op wei nei Poalen en it Baltikum en kin ik de oare fetten, dy mei it ôffal, yn opdracht fan de baas yn de koroanakriten fan Brabân dumpe. Want hjir yn Fryslân binne wy tige fan it miljeu. Wêrom tinkst dat wy beide oars yn in Tesla ride, Otto yn in swart model X 7-sitter en ik yn in griis modeltsje 3? Der giet wier neat boppe duorsumens.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.