Macht en ûnmacht

Dy foto, dy iene foto bestode firaal de wrâld en ûntsprong yn alle kranten, op elk sjoernaal. Klap foar de kop, stomp yn ’e mage, dy foto. Ykoanysk. Bitterhurd. De beskaving ferstille in amerij. Wy seine sokssawat skrikliks kin dochs net. Guon ferdommeflokten in kear, of nochris in kear, mar wy pakten allegearre dêrnei ús deistich gedoch wer op, dwaandewei ferjittend. It sil net oars wêze. Mear as in miljoen flechtelingen út Syrie yn ien jier, mear as hûndert bern ferdronken yn de Middellânske see. It verhaal fan Aylan Kurdi: twa septimber 2015.

…. “It jonkje op de skouders, weromlutsen yn in hoekje fan syn ik, soe foar it leafst sliepe wolle, mar hy weaget heech op heit syn skouders Turkije yn. Sliep is de lytse grutte jonge foarút. Hy, it jonkje dat syn stêd nea út west hat, sels amper it hûs. Want mannen mei burden mei gewearen mei roffeljende knûsten om ’e hoeke, foar de doar. In moanne lyn joegen dy mannen it jonkje in pistoal yn ’e hannen. Jimme binne smoarge ûnleauwenden, wie it yn frjemde aksinten, do jonge, sjit dyn heit. Mar mem knibbele en bea en smeke en smeke en, alderraarst, begrutsjen by de mannen mei de rûge burden. Allah jout, Allah ferjout.” …

De famylje Kurdi, wa’t der noch fan oer is, wennet no yn Kanada.

www.vluchtelingenwerk.nl
www.unhcr.org/nl

Lês ek: Khaled Hosseini: Bede aan de zee (Sea Prayer); Uitgeverij De Bezige Bij b.v., ISBN 9789403131900; aug 2018

2 gedachten over “Macht en ûnmacht

  1. Op 9 sept ’15 haw ik yn De Moanne dit ferske publisearre:

    Wetterjonkje

    see, sân en wyn skowe stadich in jonkje oer it strân
    blau-read dûnset er as in ferlerne dobber op it wetter
    omkearde hantsjes freegje om genede en in antwurd

    de wetteroarloch skrikt fan eigen libbenleaze krêft
    no’t it jonkje net mear praat, laket, gûlt en sykhellet
    hy moast tefolle wetter drinke yn dizze kealslachkjeld

    josse dh

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.