Gjin ynspiraasje, gjin betrouwen yn eigen feardigens mear, no al skjin syn nocht fan it skriuwen. It is like folle as neat wat er op papier set. De minsken skite op wat er skriuwt, se witte net iens dát er wat skriuwt. Wêrom? Om’t de rest fan de minskheid opsletten sit yn in perfide sportferdwazing en oars fergrieme de lju harren wol oan de rûnombywêzige ferslachjouwing fan saken as it DNA-nijs fan in jonkje en de syktocht nei de mooglike moardner yn in útoarde fan de Vogezen. Nee, it is klear dat ús skriuwer sa gau mooglik de sportmisdiekant op moat, as er wol dat in libbene siel him noch lêst.
Ris sjen, hoe moat er dit oanpakke? It slachtoffer moat mar in âld en begrutlik frommeske wêze, ien dy’t alle dagen nei de tsjerke giet om te bidden en de kêrskandlers te wriuwen. In ferskuorrend sympatike, eardere sportfrou, dy’t de beppe fan ús allegearre wêze kin. Litte wy har Fokje fan Sibbel neame. FokjeSibbel fan Langsweagen, dat bekket wol aardich en och, it hoecht ek net alle kearen te alliterearjen. Us FokjeSibbel hinne-en-werre swimmendewei foar de oarloch yn ien wike de alvestêdetocht, mar kweade wettergeasten woene derop út dat der in Aldfryske toverdrank yn Sibbeltsje har liifmoer sitten hie. Dizze minne dopingbeskuldiging hat Fokje it hiele libben dwers sitten. Samar in detail om fierder út te wurkjen (der moat ek aardich wat âldfrinzich agrarysk Frysksinnigens yn sitte, net ferjitte!).
Ah, it wapen. Pak him beet, dat moat de bibel wêze, noch better de kassette fan Kader Abdollah syn Koran en De Boodschapper, dat leit stevich yn de hân, mept lekker fuort en stiet dochs mar te skimmeljen ûnder yn de boekekast. Sa wurdt it fansels in hjoeddeiske literêre thriller, dizze skriuwer docht it net foar minder. Watsei, dit wurdt in nij sjenre, de literêr-teologyske multikulti thriller. Behoarlik deryn poeierje, want Allah, hy jout en ferjout. Foar de ynflústere yllústere ferslachjouwers fan Omrop Fryslân moat it in ferdomd fotosjenyk bluodderich skouspul wêze as se Fokje fan Sibbeltsje aanstendaliks live yn har deabealgersspultsje fine. En genôch bloed op it loshingjend fleis dat ek de hûnen fan de Telegraaf wat te fretten rûke.
De moardner, wa sil dat wêze meie? In Peter R de Vries-type mei as motyf dat er de lêste tiid temin op de telefyzje west hat? Ja, hy moast wer eefkes syn nijswearde opskodzje. Peter R. de Vries, dy’t letter better bekend wurde sil as P.R. de V., blykt in wiere biiskrêfter. Dat is in persoan dy’t mei in skala oan oerlibbingstechniken him yn it krimineel miljeu steande wit te hâlden.
De tipjouwer is de krúsjale faktor, sûnder de koöperaasje fan it publyk kin de plysje ommers noch gjin mol fange. Dit moat fansels in sûnder helm berne Holleeder-yndividu op in brommer wêze, dy’t revâns nimt op dy glûpendgeile P.R. de V.
Och, hat de skriuwer net alles yn de hân? Hy is de God fan ’t plot. Alle kanten kin er út, de moaiste sinnen sil er skriuwe, alle Fryske útjouwers sille flybkje om myn manuskript. 30.000 Euro subsydzje fan it Letterenfonds, op syn minst! Earst swart op wyt graach, want dizze skriuwer docht it net foar minder.
Yes, ik ha mysels út de nederklits skreaun. No sil it wiere skriuwen begjinne!
Kader Abdolah: De Koran; De Boodschapper; De Geus BV, ISBN 978 90 445 0913 7
Asto sa’n popijopi skriuwer wolst wêze dan wol gewoane wurden brukke hear! Wy rinne net mei in wurdeboek yn de boese! Net sa moeilijk skriuwe en gjin gekke aude wurden. De groeten fan de family yn Frieslan
Deborah Schokker
TOP datst in réaksje joust, Deborah! It wie ek wol tiid dat ik wat fan jimme mei fernimme. Hast wol gelyk fansels. Earst it jild, Deborah! Dêrnei kom ik wol jim kant út om myn boeketaal ôf te learen. Set mar vast wat wurden op papier dy’t ik bruke moat fan dy.
Dyn heit belde juster al dat ik my net sa drok meitsje moat oer sportferdwazing want dat is net sa. Wat dy Maarten van der Weijden dien hat is alles behalve ferdwazing. Hy sei dat se sels in stanbyld fan him ha wolle, ergens yn Fryslân. Tsja! In ider syn held. Amsterdam Lake District dempe en folplempe mei bylden. YES!
Tja, as ien in skriuwer wêze wol yn dizze tiid, dy’t bulten boeken ferkeapet, dan moatte jo wol dy kant út. Mar ja, wa wol dat?
Literêre boeken sitte yn ‘e nederklets, wurde net goed ferkocht.
Better giet it mei ‘detectives’ dat bliuwt wat itselde.
Foar my is de Fryske taal te dreech om in goede ‘detective’ te skriuwen, mar der binne dochs genôch skriuwers dy’t dat wol kinne.
Wêrom moat it altiten literatuer wêze? Wêrom skriuwt der ien net ris in goede ‘detective’ yn it Frysk?
Hoho, Eddy. Myn twillingbroer!! Hy hat al in stik of ’tig’ detektives skreaun, en net de minste! Yn de byb sykje ûnder Jan Schokker en silst fine!
Krij no wat! Dêr meitsje ik my net populêr by de famylje Schokker. It sil hjoed fuortendaliks wêze. Net de byb. Ik keapje allinich boeken. Wy sille dit wykein is efkes om ‘e hoeke sjen by Ale Alema….!
Tink derom, net út de bocht fleane. It binne smelle dykjes, dêr op de Bontebok.