Gemoedereard sjocht ús machthawwer
de kamera yn wylst er de folksmiening
as ûnwiffe wierheid te pronk set.
Us Heit, de Alde Man, ferhellet fol
gloed de tradysjes fan ús lân en de
wichtige gruttens fan ús folkseigen.
Betûft tekenet Hy sa grilkear de
bedrigingen út fan it fijânskip dat wy
it der wol mei iens wêze moatte.
Bûtensteanders en dwerslizzers,
harkje dochs: wês mei ús, want
jim wrakseljen sil neat net opsmite.
Dejinge, dy’t gjin respekt opbringe kin
foar de glâns fan ús gloarjedei,
rint it heitelân blynseach yn ’e wei.
Krityk is fansels net ûngrûnwettich,
mar wol yn de foarm fan in komplot
dy’t ús steat en stam ûnderstekt.
Gekoanstekkerij is krektlikemin
ferbean, mar wol in provokaasje
as Hy der net om laitsje kin.
Dêrom Syn nijste wetten, dy’t ús
nasjionale beskaving en ús demokratysk
bestel ivichduorjend hoedzje sille.
Dêrom, bûtensteanders en dwersdriuwers,
moatte jimme wûnder goed ûnthâlde:
dy’t net foar ús is, dy is tsjin ús.
Jimme earme sielen binne oerlevere
oan De Man mei it heft, en wit, Hy
dy ’t it heft yn hannen hat, dy snijt.