Parade fan paradysfûgels

It floers fan in lange treurige mars sweefde tusken de beamtûken op ús beiden ta. My brocht it yn in mankelike stimming, dêrom liet ik my wat weikrûperich ûnderút sakje. Do lykwols gie stean om yn folle gloarje better te hearren of mear te sjen. Kaam opmarsjearjen in drumband, of showband -koesto it ferskil?-, yn bûntreadwite unifoarms, mei achter de tamboer-majoar in tal dûnsfamkes yn foar my fierstente koarte rokjes.

Do woest dêr, in meter boppe de strjitte yn ’e lijte fan it park op in terras oan it begjin fan de stêd, tegearre mei my de lang lyn oankundige optocht bewûnderje. Wy beide tegearre, want hjoed soe ommers skiednis makke wurde. Hiest it oer in life-changing event, in nije D-day, dyn dealofdatum. Dêr moasten wy neffens dy perfoarst in unison by wêze, dit mei ús beiden belibje. Underwyl sietst al oan dyn tredde prosecco. Of wie it dyn fjirde? Do swaaidest mei de ûnderkant fan de reinbôgestrik oer dyn reewillige bûk, om op de muzyk mei de mjitte te slaan of foar eltsenien oer op it drokke terras de grutte Jan út te hingjen. Hiest op it lêst in reputaasje heech te hâlden, do.

En wat seagen wy? Wy dêr tegearre? Nei de bombaarje fan it kopermuzyk kaam yn it gelid in hiele keppel keardels yn it swart, dy’t mei fûsten strak nei rjochts de ûnoerwinlike wierheid opeasken, dêrnei in hast ûneinige rigel trekkers mei minsken yn klompen dy’t fan rjochtswegen alle eigen tradysjes opeasken, doe hiele húshâldingen ûnder giele paraplu’s en sûnder mûlekapkes dy’t har foarmen fan generale frijheid opeasken, dêrnei de studinten dy’t in reedlike hûsfesting of überhaupt in dak boppe de kop easken, dan wie der ek de ME dy’t aardich wat mear wetterkanonnen en de luchtmobilebrigade dy’t flink wat mear fjoerkracht opeasken, Urker fiskers ûnder fennoatskip dy’t nije libbenkolkjend wetters op woene, in pear hûndert útpoepte operaasjekeamerferpleechkundigen dy’t no ek wol ris op fakânsje woene, in samling fan fiifhûndert miljeugroepen dy’t mei-inoar mear, watsei allinnich mar grienskip en bestindigens opeasken en dat fuortdaliks, in alderaardichst keppeltsje foardrachtskeunstners yn Pradagiel dy’t om Frysk woke te wêzen foar it folle wurk stean moasten…

En do, do stiest dêr njonken my ôfwikseljend applaudissearjend en strikjesswaaiend te wachtsjen oant no einlings in kear dyn ynnimlik LGHT-mienskip mei it folsleine rjocht op in erkende identiteit lânsmarsjearje soe. Mar earst kamen noch in soadsje bewenners foarby fan AZC’s mei it rjocht op in minskweardich bestean yn in fry lân fol demokrasy út de wetboeken fan it humanisme. Der wiene ûntsnapte CDA-konferensjegongers dy’t lâns kamen om it rjocht op libben op te easkjen en neo-liberalen dy’t mei útset lûd it baas wêzen yn eigen búk besjongen en net minder it rjocht op in selskeazen libbensein propagearren. Begjin en ein yn eigen hân. En do stiest dêr njonken my skreken mei dyn streepkesstrikje te pielen.

Ik wist it wol, hie it al folle langer yn de gaten. Do woest it leafst Let’s Get High Together wêze mei dyn keunstbroeders en Facegenoaten. En doe’t sa lânskamen, doe’t se yn grut tal en fol blier libben ús foarby kuieren yn it folle rjocht om dei út dei yn feest te fieren, doe stutst in fisherman’s friend ûnder de tonge, wie it ajuus paraplu en sprongst gruttich en dochs ek aaklik linich oer de balustrade myn libben út, lang om let dyn paradys fan feestlike frijheid temjitte.

Ik seach om my hinne. Kâld wie ik en allinne, it hiele terras wie keal en leech. Wat soe ik no? Achter dy klibers folk oan om te trompetsjen dat ik ek leafst wat beskut bliuwe woe of moast ik dan mar à la Foppe as lêste ljocht op ierde de knop omdraaie en op hûs ta? Mar it wie al gjin dilemma mear. Thús hie ik ommers noch gedichten te lêzen, fol mei prachtich taalguod.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.