Poetica obscura

Foar my leit de wearde fan in earst ûnbegryplik gedicht fjouwer dagen letter. Fiif oere moarns kin de sliep my net mear fetsje, ik jou de frou dy’t sliepen bliuwt in tútsje efter op it hier en printsje de seis strofen út mei wat liket in glês-yn-leadplaatsje om werom op bêd nei desimber fan Jacobus Q. Smink te ûnttizen.

De earste kear lêzen wie ik al by it fleanpapieren blêd der gâns foar wei, mar it wurdsje sânerij bleau my troch de kop singerjen. By ús yn Hillegom is De Zanderij tusken it stasjon en it doarp it âldste bollefjild yn dizze kontreien, de provinsje wol dêr goed twatûzen wenningen hawwe mar sa net de nimbys fan de lokale polityk dy’t net fan rjochten in boadskip hawwe oan Amsterdamsk oerskot.

Gazelle, dy oare fytsfabryk en dus net de echte fan by ús op it Feen, skreau yn de sechtiger jierren in wedstriid út foar in slachsin en ik hie de moaiste fansels oer in ingel dy’t fytste as mige der in gazelle oer de tonge -no ja yn it Nederlânsk rymde it teminsten-. Myn priis wie yn pytpellefytsbelle mar fierders haw ik der neat mear oer fernommen.

Ek myn himmelste auto wie in Mazda, in donkerblauwe station mei twa trijetsjillerkes op it ymperiaal, dat yn de Dordogne op de camping altyd yn ’t sicht fan de tinte stean moatst oars wie de jongste o sa bang dat wy net mear thúskomme koene.

Thús lei it grut kabouterboek fan Rien Poortvliet op ús te wachtsjen dy’t myn âldste broer in pear moanne foar Sinteklaas yn seisfâld foar noppes op ’e kop tikke hie en myn soan fûn dat boek hiel wat nijsgjirriger as dy ivige ferhaaltsjes fan Jip en Janneke.

Ik bin kleureblyn yn it swart-wyt spektrum en miskien dêrom sljocht op glês-yn-lead.

Om sân oere hinne waard de frou wekker en ik fertelle wakker besoarge dat wy foarearst mar net nei Suriname op fakânsje moasten. No sa bliuwe der yn wêzen gjin lannen mear oer, sei se, litte wy dan hjoed mar de papieren ynfolje foar flierisolaasje en in hiele keppel sinnepanielen.

2 gedachten over “Poetica obscura

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.