Quo Vadis Domina?

‘Wat bist wer lekker waarm en sêft. Hie ik al sein dat ik fan dy hâld?’
‘Hjoed noch net.’
‘Ik leavje dy.’
‘Ja, dat ha ik yn de gaten. Mar no eventsjes gjin gedoch, aansten moat ik nei yoga. Wêrom dizze ljuenske leafhawwerij samar ynienen? Dit bin ik moarns net sa fan dy wend. Bist wol rjocht by de tiid?’
‘Ast it witte wolst, ik lis al in skoft te prakkesearen oer wat ik skriuwe sil.’
‘Hie ik ’t net tocht.’
‘Lêstlyn krige ik in mailtsje dat my oan it tinken sette.’
‘Aha, dat docht him ek net alle dagen foar.’
‘Sei nicht so frech, ja. Wolst it witte of net?’
‘Sil wol moatte, sa te hearren.’
‘Wy manlju, nee ík, ik beskôgje de wrâld tefolle út eigen persepsje wei.’
‘Och heden, jonkje.’
‘Eefkes serieus, leave. It sit my echt yn de wei: hoe maklik en gau ik tsjin better witten yn sûnder mear hast alles fan myn manlik perspektyf út beredenearje. Dat bygelyks alle minsken mei macht as fansels inkeld manlju wêze soene. Ik soe dochs better witte moatte! En dat de maatskippij en ik en wy allegearre dy skeve man-frou ferhâldingen as it ware alle kearen wer op ’e nij sanksjoneare. Nim no it fuotbaljen. Sa’n Virgil van Dijk krijt yn Ingelân as beste spiler fan it jier gâns mear oandacht as ús famke Miedema, fanâlds fan It Hearrenfean. Dat is dochs gâns út it lead slein!’
‘Us famke… Hoe feodaal en patriargaal en út ’e hichte wolst it ha, myn skriuwerke! Mar no witst sels wat wy as froulju dei yn dei út gewoanwei achteleas delheljend belibje moatte.’
‘Ha ik dy wol ris ferteld, fan doe in lytse fjirtich jier lyn, op de oplieding ta counselor yn New York? Ik hie op in praktikumles in training yn begelied imazjinêr tinken. Mei ús fjirtjinnen leine wy mei de TL-lampen út en de gerdinen ticht mar mei de klean oan oer de flier yn in healtsjuster en kâld lokaal op sokke yogamatsjes as dy fan jimme en wy moasten as manlju ús in lesoere lang yntinke, nee ynlibje, wat hjit: trochlibje, hoe’t is om frou te wêzen en de froulju fan ’e weromstuit fansels as man. Ik ha nea fergetten en sil oant myn dea ta net ferjitte hoe’t ik my doe nei in setsje stadichoan sêft en tear fielde. Leafdefol, mar tagelyk ek sterk en solyd. Dat hat doe wol sa’n heftige yndruk op my makke. Ik wit noch dat ik tocht dit moat ik fêsthâlde, dit fielt stikken better as myn man-wêzen, mar tsja..’
‘Mar tsja, wir leben alle unter dem gleichen Himmel, aber wir haben nicht alle den gleichen Horizont. Koest dy doe dêrnei net ombouwe litte?’
‘Fan hokker yogagod komt dat no wer? En nee, dêr hie ik it jild net foar.’
‘Nietzsche? Freud? Myn learaar Dútsk sei dit wolris. Mar hoe wolst it froulike fan dyn wêzen yn in blogferhaaltsje jitte? Dat is as tema minstens in novelle liket my. Of dy kennende earder in tweintichdielige Netfliks searje, Game of Troaiens.’
‘Ik hie tocht in froulik ik-figuer komt by de himelpoarte en treft dêr net Petrus mar Petra dy’t my fan fierrens en fan jierren her al oankommen sjoen moatten ha en dat dizze hearlike stimmige frou mei it beppegriis hier as dat fan dy my ta laket yn de besieling fan dit momint en yn har eachopslach lês ik sa’n ûntspannen moederaasje en sa’n djippe meiminskikheid dat ik ynienen wer wit fan myn fanselssprekkend falen en it ûntsjinstriidbere folle dat ik yn it ljocht fan Krista ferkeard dien ha. En dochs, en dochs leit dit witten my net gâns in bytsje swier. ‘Quo Vadis Domina? Ik ha wat fragen foar dy.’ En Petra swaait mei har kaaie yn de rjochting fan it fiskersnet dat oer de himelpoarte hinne leit, har rots as himelpoarte mei de gouden letters Xs4all, of stiet der Arbeit macht Frei of stiet der Lit alle hope farre? Petra, dy Petra freget my it himd fan it liif oer de breedte fan de oesdrip tusken ús beiden en dy tusken de himel en myn hel, tusken God en my en har gitswart fuortfarren doetiids ins Blaue hinein…’
‘Ik fernim it al, bist wer oan it swetsen en sweevjen en dyn piama baarnt dy oan it liif. Witst wat? Hie ik al sein dat ik fan dy hâld?’
‘Hjoed noch net.’
‘Ik leavje dy.’
‘En dyn yoga?’
‘Wir leben allein, wir sterben allein, alles andere ist nur eine Illusion.’
‘Aber liebevoll unter dem gleichen Himmel…’
‘Und im selben Bett. De iene kant oer waarm en sêft en tear seidest en de oare kant oer sterk en solyd?’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.