Skriuwersprakkesaasjes

Ik hie folle earder mei skriuwen begjinne moatten. De frou wit krekt wer’t se oan ta is as ik nei in krimineel lang ûntsteanskiednis op in bepaald stuit fersuchtsje dat ik wol sa’n bytsje alles sein ha wat ik sizze wol yn in artikel of ferhaaltsje. Want dan begjint it pas. Dan sjocht se my noch in tiidlang skreppen, skrassen, stinnen, printsjen en noch ris printsjen, want om it goed te hifkjen moat ik myn skriuwsels swart op wyt ha. Eins moat ik bekenne dat ik mear wille belibje oan it bewurkjen, potskuorjen en redigearjen fan teksten as oan skriuwerij dat creatio ex nihilo op in aaklik leech skerm komme moat.

Ik nim sels myn skriuwen aardich serieus, foar wat it wurdich is. As ‘skriuwer’ fiel ik út in loftich (‘elitêr’, sizze guon tsjintwurdich) better witten in bepaald soarte fan ferantwurding om it moaie en it spesjale fan ús taal, yn Fedde Schurer syn wurden, op te heinen en troch te jaan. Taal moat fêstlein én útlein wurde. It fêstlizzen sit him yn leksikonnen en wurdboeken, it útlizzen moatte skriuwers dwaan. Want as in skriuwer dat net docht, wa dan wol? Op strjitte yn it Hearrenfean fan myn âlden kaam ik it Frysk de lêste jierren amper mear tsjin. Dat, wat bin ik wiis mei wurdboeken. Sûnder myn wurdboeken bin ik neat as skriuwer. Neat.

Wêr’t ik dus oer ha wol binne de beide berjochtsjes dizze wike fan de Fryske Akademy. It earste is dat se dêr dwaande binne mei it nije Wurdboek fan de Fryske Taal. It sil, sa’t de Akademy bliken docht, mear as twa kear safolle wurden en betsjuttingen befetsje as it âlde út 1985 en boppedat komt it fergees online. Dat kostet de belestingbeteller dan wol in lytse oardel miljoen, mar nea earder is safolle jild better bestege.

It twadde berjocht kaam earjuster ta my troch it romroft deiblêd It Nijs: der soe mear ûndersyk komme moatte nei de net-Fryske tongslaggen yn Fryslân, wêrûnder it ‘Stedsfrysk’ fan It Hearrenfean. Eric Hoekstra-en-dy hawwe nei myn oardiel in prachtrapport ôflevere oer de posysje en it funksjonearjen fan ‘kontaktfariëteiten’ Nederlânsk-Frysk yn Fryslân. Lêze dy hannel,  HJIR

Ik ha it hakmak fan ús buorlju op It Fean yn alle jierren dat ik dêr wenne nea as Stedsfrysk beskôge. Gjin Frysk en gjin Nederlânsk, yn myn earen wie it fan alles neat, sterker noch, ik seach der wat op del. Mea culpa! It is dus in kontaktfariëteit fan in taal en ynienen sjoch ik myn buorlju yn in geunstiger deiljocht. Hoe’t se praten hat dus in namme en dêrmei in betsjutting, hat in identiteit en dêrmei rjochtfeardigens, it bestiet en is sinfol. Ynienen wol ik yn alle earnst mear witte oer stimhawwende plofklanken, genasalisearde wurdlûden, syllabyske meartalsútgongen en streektaalatlassen, dêr’t ik as Fries om útens it bestean net iens fan wist.

Hie ik net skreaun, ik soe sokke berjochten nea ûnder eagen krigen hawe. Hie ik net skreaun, myn wrâldsje soe folle lytser en flink wat swart-witer wêze. Sa smyt dat skriuwen, hoe bras, bryk en brek ek, my algeduerigen wat nijs op.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.