Wake-up call

‘Sies jonge, skink nochris yn, ik ferrêdzje my fan toarst. As dyn hearren der noch ta docht sil ik dy myn lêste fabel fertelle, de alderlêste. Nim der sels oars ek mar ien, want de wrâld giet mei alle skelmske streken lang om let foargoed nei de bliksem. Dat hast wis sels ek yn it nijs fernommen, of net dan?

Moatst witte, in fearnsjier lyn ha ik by oanskaf fan myn nijste Tesla in net min begnibbele hotelbon kado krigen en dy ha ik de ôfrûne twa wiken moai inkeld foar mysels fersulvere yn dat bûtenpleatshoteltsje dêr yn Beetstersweach. Myn dochter fan achttjin wilens lavearret tusken de koroanakontroles troch mei trije fan har freondinnen yn myn bolide op in maidentrip yn Frankryk. In aardichheidsje moatst mar tinke, bytiden moatte je yn fertrouwen de jongerein de kâns jaan om ferantwurdlik yn it libben te stean. Soks hjit loslitte, en och it is private lease hein, in dûk of in kraske mear of minder makket op it totaalplaatsje tsjintwurdich ek gjin sprút mear út. Alhoewol, alhoewol, de foarige kear hat myn eks fuort de earste dei yn de omkriten fan Vogelenzang in splinternije Landrover Defender oan smots riden, doe’t ien fan de seistûzen en noch wat deimen út de Amsterdamske Wetterleidingdunen har foar de wielen kaam. Sy hat it jammer genôch oerlibbe en no is it foar madam in aardige ferhaaltsje foar op de soos moatst mar tinke. En yn dizze selfietiid moatst in betûfte ego-anekdoate útdruklik net ûnderskatte.

Ik sil dy fertelle, Sies, wat haw ik in pear noflike wiken hân yn dat hoteltsje dêr midden yn Fryslân tusken de kreas beklauwe beamwallen. Poerbêst iten, in lekker bêd foar oerdeis, bûten âlderwetsk ritich waar, binnen moaie minsken dy’t de dei troch it libben smeitsje, gjin geëamel oan de kop en boppe-al in treflike betsjinning. Alle nachten efkes foar twaen krige ik in wake-up call om de Olympyske Spullen live te besjen mei wat piltsjes en pûden sjips fan myn provider foar de hân en om healwei sânen hinne in ûntbleate moarnsmiel tusken in tefolle oan kessens op it kingsizebêd. Wat hiene wy it dêr yn it smoute Japan wer kreas foar inoar, net? No, ik woe mar sizze. It docht in minske goed om mei rjocht en reden en sûnder prakkesaasjes wer ris frij deagewoan grutsk te wêzen op ús romroftich faderland. Ik sil dy sizze, it kaam my juster suver raar oer it mêd dat ik coldturkey samar fan dat prachtich platfoarm fan patriottysk joechei ôfstappe moast. No sil ik my dei út dei yn wer bekommerje moatte om de treurigens fan de minsken om my hinne, present company excluded fansels. Dus Sies jonge, jit my der noch mar ien. It kin lije, wy binne beide noch net alhiel fuortspield.

Werom yn it deistich bestean moat ik hjoed ôf oan wer tige woke wêze, neffens myn dochter dan. Fynsto dat ek? Fertel my dan hoe’t wy ek al wer soks dogge en wêrom en hoedatsa. Dat fan dy froulju op de Spullen yn har fierstente eroatyske klean is fansels in opleine pandoer. Oer trije jier yn Frankryk eltsenien yn boesgroenen mei lange mouwen en boksen fier oer de knibbels. Klear. Mar dat Astrid Roemer de priis fan de Nederlânske Letterkunde net krije mei fanwege har politike opfettingen is in gospe. Kinst it mei har iens wêze oer wat sy fan Desi Bouterse fynt of net, mar soks hat neat út te stean mei har kwaliteiten as skriuwer en har betsjutting foar it literêre lânskip fan Suriname. Se is op ’t lêst gjin politika. O sa. Also sprach Sarah Troelstra, ik nim noch ien fan dy. Hoe stiet tusken ús no de stân fan saken?

En dan hawwe wy ek noch it rapport fan it klimaatpaneltsje. Hiest fansels, Sies, al yn de gaten dat myn fabel dêr hjoed by einbeslút op útdraaie soe. Wat tinkst, soe ik op myn eks noch staasjejild barre kinne? Dat tegearre mei wat ik mei de tiid op myn Tesla werom krije kin soe ik in bestindich driuwend deakiste keapje wolle om as lêste Fries oer de Ingelsmanspleat it seegat út te dobberjen. Sies jonge, we nimme der noch ien, foardat ûnder de ûnomkearbere lêste sûndfloed de helhûnen by úzes it ljocht útdogge.’

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.