Wat it each fan de skôger sjocht

In frou yn myn libben is ien fan dy nijsgjirrige minsken dy’t alles wat bysûnder is neier beskôgje moat. Sy kin in prachtige beam net foarby rinne sûnder in foto te nimmen, sy wiist my mei myn beheind kleurûnderskiedingsfermogen op it ferskaat oan ljochttinten troch de ûndergeande sinne; sy wol op har fiif en santichste de wrâld bereizgje en foaral frjemde eksoatyske plakken opsykje, it leafst allinne. Foar my is noch it meast opmerklik dat sy nea wolven op ’e dyk sjocht, sy tinkt allinne mar yn mooglikheden en de withoefolle kânsen dy’t se krije sil. De spegel yn ’e auto brûkt se net, wat achter har leit is letterlik en figuerlik oer en foarby: it ferline sil foar har wol in betsjutting ha mar is wis gjin ballêst dat se meitôget.
Ik sei dat sy foar my in fleurich foarbyld is om dochs ek ris ûnbekende paden te berinnen.
En sy sei: krekt do bist foar my in foarbyld om earder en makliker ta mysels te kommen, om my net altyd sa stomme hastich te smiten op hieltyd wer nije projekten. Ik kin bytiden sa wurch wêze fan dat flinterige yn my.

Der is ek in freon dy’t fan jongs ôf oan it wêzentlike karakter fan dingen trochhat. Yn alle helderens sjocht er ûnophâldlik enerzjydieltsjes sweven yn ’e loft. By de ien nei de oare kent er yn de minsken it aureoal werom fan wat miskien harren siel is, hy wit wêr’t de boarnen fan pine en kwea lizze en ik wit dat hy fertelle kin wat de takomst my bringe sil. Foar my is lykwols it meast  opmerklik dat er sa hoeden en beskieden omgiet mei syn ynsichten en kennis.
Ik sei dat hy myn stimulâns wie om by tiden bûten myn pseudo-wittenskiplik en agnostyske komfortsône te stappen. Om dan te bespeuren dat it bestean der miskien wol hiel oars by leit. It konsept bygelyks dat alles en elkenien ûnferbidlik mei-inoar ferbûn is. Soks hâldt fan natueren in noflik en waarm gefoel fan kompassy yn. En as dat sa is, wêrom soe ik dit dan gjin God neame wolle? God as gedachte eksperimint.
En hy sei: mar krekt do bist foar my in typysk foarbyld út de reële wrâld, ien dy’t fan rjochten leaut yn wat konkreet sichtber is, ien dy’t der ûndûbeldsinnich fan oertsjûge is dat allinnich de minske de wrâld feroaret, net hegere machten dy’t in bepaalde bedoeling of in foaropsette plan hawwe. Witst, bytiden kin ik sa wurch wêze fan de betizing yn de minsken.

Dan is der ek noch dy buorfrou dy’t orizjinele tinkwizen en ynsichten hat, mar dêr net in saak fan makket en as begjinsel der nea mei te keap rint. Se lit de wrâld sa fier mooglik net yn har libben komme. Want wêrom soe se sa nedich op ’e hichte bliuwe moatte fan alles dat der bart, wêrom de details witte wolle oer saken as dy klimaatkrisis, de polityk yn De Haach of yn Ljouwert, lit stean dy yn Washington of Brussel? De telefyzje stiet meastentiids út, in computer is der net en de telefoan yn de gong hinget dêr allinne om by need te skiljen. Op ’e radio wol se it leafst Bach en Beethoven beharkje sûnder kletserij en stupide telefoanspultsjes. Oerdeis wol se wat kuierje en túnkje, alle wiken boeken út ’e byb, sa no en dan by my in bakje dwaan en inkeldris har grutte bern oer de flier. Sa is har bestean en dat foldocht. Wat is de wearde fan stribjen nei better en noch mear? Wêr Abraham de moster hellet en hoe’t dy smakket is har blinders goed bekend, mar soks sil se perfoarst net oan ’e grutte klok hingje. Goed is genôch, better hoecht net en de miening fan in oar is net minder as dy fan har.
Ik sei dat har foarbyld fan beskieden en stadich libjen my tige sinnige. Lit de wrâld de wrâld, ommers wêrom soene wy oaren wurch meitsje mei ús tefolle oan stoere opfettingen en stânpunten fan stien, en wêr stiet skreaun dat wy ús alderhande yllusoire ferplichtingen en ferantwurdlikheden op ’e hals helje moatte?

En sy sei: mar net alles is wat it liket.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.