yn wurden bestindigje

dêr yn yndia seit simen hawwe se in mansheech stânbyld boud fan in lytse 182 meter heech dat ien of oare ûnbekend frijheidsheld foarstelle moat en of’t wy net fan betinken binne dat hjir yn fryslân foaral nei it eklatant sukses fan de frânske reuzen yn ljouwert en sjoen ús tal geitefokferieningen wy sokssawat feitlik eins folle better kinne moatte en bou in noch heger byld mar dan wol fan in bekende held? hy wol it mar efkes yn de groep goaie en tinkt sels oan swarte pyt yn de omkriten fan de jouwer en oars oan abe.

wêrom gjin obe, wol otto witte en hy seit dat simen net wiis is om’t wy dochs gjin minsken binne en wis gjin lân foar sok oerdwealsk megalomaan heech gruttich tinken! wy moatte seit er it dochs fan de flakten hawwe net dan? lis dy fint want it sil wol wer in keardel wêze moatte langút yn de greiden want dy hawwe tsjintwurdich sûnder blommen en sûnder fûgels en sûnder kij gjin inkeld wearde mear foar de plattelanner.

lea stiet derop dat der wol deeglik in frommes langút op it lân lizze moat en tinkt oan doutzen sûnder clownspak oer pak har beet oardel kilometer langút earne boppe frentsjer bleat mei de rjochter heupe omheech en de linker bedobbe en har kutsje as ludike yngong foar in serieuze sûpe-en-tsiis-shop mar it mei foar har part ek de rjochter heupe wêze dy’t yn de grûn begroeven leit.

harry de soan fan in mennistedûmny is fansels fan oardiel dat al dit praat en bleat gjin foech jout en tinkt mear rjochting in statement om it wurd yn it sintsje te setten mar wy sprekke ús mei-inoar út tsjin de tsjerken dy’t al tiden leech mar al sa heech boppe it boulân út rize en boppedat mei de klokken fan tiid ta tiid de omkriten lûdlêstich terrorisearje.

dan is it auke wer dy’t it kwartsje falle lit. it wurd seit er dan moatte wy tinke oan in manjefyk stânbyld foar de fryske taal. fan ús poëzy en benammen fan it fryske proaza, want dêr is o sa’n grut ferlet fan docht bliken. wat makket dat wy sa frysk binne? dat is dochs de optelsom fan taal, lân- en mienskip en dy trije kinne gearkomme yn mânske letters yn de iepenbiere romte a la iamsterdam.

ik moat ek wat sizze want oars tinke myn maten dat ik neat te fertellen ha. dat soe dan stean moatte sis ik wêr’t de minsken fryslân yn ride dus by de lemmer, oare kant drachten of op de kop fan de ôfslútdyk.

simen wol it lêste wurd ha want it is syn daaldersk foarstel. dy waarbestindige letters moatte mei de poaten yn de klaai of op de dyk stean seit er sadat trijekwart fan de letters boppe it meanfjild útstekke mar lykwols al fan fier te sjen binne en it moat de lju wat oan it tinken sette, ek de sinezen dy’t hjir hinne transportearre wurde moatte om’t se al nei in dei amsterdamned binne.

de hiele fierdere jûn prakkesearje wy oer hokker wurden dan bestindige wurde kinne mar dêr komme wy net foar rjochten út en sa komt it dat ik noch hieltyd gjin foarstel yntsjinje kin foar in essee oer hoe’t it frysk proaza better te ferkeapjen is mar dy komt er noch.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.